OP ZOEK NAAR ROOTS - 9


De lêste pear jierren haw ik net stil sitten wat it stambeam-ûndersiik oanbelanget. Ik bin stadichoan troch alle berte-akten, houliks-akten, en akten fen ferstjerren fen 1811-1940 fen Achtkarspelen krûpt. Det wier in heislik karwei. 'k Haw oantekeningen makke fen tûzenden nammen en famyljes. It measte sit no yn de kompjûter. 'k Haw der ek wer folle mear fiere famylje by krigen. Fia it internet, kom ik wol ris yn 'e kunde mei minsken yn oare lânnen. Sa krige ik okkerdeis in lyts berjochtsje fen Atze Schuilinga dy't yn Roosendaal wennet. Ik seach it efkes nei yn de kompjûter en ja, Atze en ik komme by mekoar yn Bouwe Franzes Postma (1742-1822). Hy stamt ôf fen Harm Bouwes Postma (1787-1863) en ik fen Trijntje Bouwes Postma (1778-1853) It hiele Fean is hast famylje fen mekoar haw ik ùtfoun.

Ik haw ek hiele frjemde en soms formaaklike dingen foun. De minsken tochten yn 1811/1812 det de famyljenammen dy't Napoleon harren oplei oan to nimmen, wol wer fordwine soenen letter. Mar det wier sa net. Wat sille guon famyljes it letter spitich foun ha dat in foarâlden sâ'n nuvere namme bitocht. Yn Smellingerlân foun ik in sekere Hilbert Berends Zonderkop dy't yn 1826 troude. Der wienen mear Zonderkoppen yn Fryslân, û.o. in jong faem Grietje Zonderkop. Der sille ek wol wat lytse 'zonderkopkes' berne wêze. Soe de namme noch bistean? Sa bin ek jierren lyn de namme Hondekop ek ris tsjin kaem. Dy sil letter wol foroare wêze, tink ik. 'k Bin gjin Poepjes tsjin kaem yn Achtkarspelen, mar dy binne der wol.

Ek de foarnammen wienen faek krekt sa't sy it seinen. Sa foun ik ferskate Bintjes, Baayes, Blijkes, en Sjutsjes. En ek Molles, Jeikes, Keis, ensf. En wat binne der in pakes nei Bûtenpost tôge om in lytsbern oan to jaen fen in dochter dy't in bern krige, mar der wie gjin man of heit to bikennen. 'k Tink dat pake wol ris lilk west hat, hwent sommige jonkjes krigen een hiele rige nammen wer't soms de namme fen de echte heit by yn siet.

Tocht pake miskien, ik sil dy wol krije? As foarbyld nim ik samar in namme, lit us sizze: Jantje Zomer dy't befalle moast, en dy't in lytse Jehannes krige, neamt nei pake. De echte heit wier der net, mar hjitte, lit us sizze: Pieter Bouma. Doe't pake yn Bûtenpost kaem joech er as namme op: Johannes Pieter Bouma Zomer. It lytse jonkje krige alles mei. Soms haw ik wol de trou-akte foun fen mânlje lyk as Pieter Bouma. Hy troude dus letter mei in oare faem, mar yn't selde doarp wenne in lyts jonkje dy't de namme fen syn heit hie. Det koe ek wêze yn gefal de echte heit kaem to ferstjerren foardet er trouwe koe. De mem eare den har feint yn de namme fen harren jonkje.

Wat moasten de heiten of pakes in ein rinne om in bêrn oan te jaen, foaral as sy oan de Feanster-kant fen de Rottefalle wennen en al hielendal nei Bûtenpost moasten.

En wat moaie beroppen wiene der: stroohoedenmaakster, pettenmaker, geneesheer en vroedmeester, kruidenverzamelaar, bolleloopster, leiker, inlands kramer, breister, mattenmaker, schareslijper en ketellapper, en karrijder.

Sommige bern wienen berne 'in het schip liggende in de Hamstervaart' of 'in de baggeltent' of 'in een hutte op de heide'. Fierder haw ik net ien 'trijeling'; foun. En mar ien persoan dy't honderd jier wurden is. Wol foun ik in nije heit dy't om-ende-by de 80 wie en syn wyfke wie achter yn 'e twintich. De âld man hie wol oerpake wêze kinnen fen syn lytse poppe! 'k Haw wol gauris efkes glimke om sokke kluchten. Wat binne der in pearkes troud dy't al in stik of wat bêrn hienen en op de troudei offisieel dy bêrn oannamen. "Er is niets nieuws onder de zon" , wat it by mekoar wenjen oangiet.

En wat wienen der in protte gesinnen mei tsien of mear bern. 'k Haw gesinnen fûn mei 18 bern! Faek wennen sokke keppels ek noch yn lytse hutsjes, hokjes, of hûskes. En wat binne der wat berntjes stoarn, en ... ek in protte jonge memmen.

Jelle Kooistra yn Canada