OP ZOEK NAAR ROOTS - 89


Wat koe dat mantsje sjonge! 'De kleine man met de grote stem', sei ien ris fan de ferneamde lytse Dútse tenoar Joseph Schmidt. Dat jilde ek foar Hans Douma fan 'e Ham. Ik wie noch mar in lytse jonge want myn pake en beppe Kooistra wennen noch oan de Boskwei ûnder Droegeham. 't Wie snein en ik siet by tante Janke op har pakjedrager efter op 'e fyts. Wy rieden sa it sânpaadsje lâns, oer de Drifte, nei de Kristlik Grifformearde Tsjerke. Dû. Biesma wie doe noch yn 'e Ham. Tante Janke siet altyd op 'e kreake, op de foarste bank en it siet dêr hiel moai. Dêr wie gjin oargel yn dy tsjerke. Meastal spyle in jongfeint op in trompet, leau'k. Dat wie Freerk Wagenaar, soan fan Albert Wagenaar en Hylkje van der Wal, tink ik. Der is ek in Wagenaar dûmny wurden yn de Kristlik Grifformearde Tsjerke. Dat sil wol famylje wêze fan dizze minsken. As Freerk der ris net wie dan sette lytse Hans Douma, bakker yn 'e Ham, yn as foarsjonger. Ik kaam net sa faak yn dy tsjerke en wist dus net hoe't dat dêr op en ta gie. Dy sneins siet der, yn myn eagen fansels, in âld mantsje neist my, en tante Janke siet oan myn oare side. Ik koe dy man net, allinne as Hans Douma. Dat hie tante my ferteld. Dûmny begûn de tsjinst en joech it earste ferske op, mar ik hearde gjin muzyk. Yneinens sprong dat gystene mantsje oerein, flak neist my, en begûn mei krêftige, lûde stim te sjongen. En goed lûd! It wie krekt as wie it in kanonskot der flak neist my. Ik skrok sa bot ik skeat suver fansiden. Tante Janke lake dat se skodde, mar it siet my raar yn 'e skonken. Minsken, wat skrok ik! En Hans mar sjonge en de gemeente folgde moai. Dy wiene der wol oan wend fansels. Tante Janke, dy't graach wat pleagje mocht, hat it letter wol faak yn 'geuren en kleuren' wer ferteld hoe't it gien wie en hoe't ik benei oer it foarsket sprong fan de skrik.

Ik kin noch wol mear ferhaaltsjes fertelle oer dy goede âlde minsken yn 'e Hamster tsjerke oan de Lytsewei, mar dat doch ik miskien letter wol ris.

Hoe kaam ik no eins by Hans-bakker?

Dat siet sa: ik wie mei wat nammen dwaande yn myn kompjûter en doe krige ik de namme fan Sytske van Schepen samar te pakken. En dêr stie by dat sy troud wie mei Hans Douma. En dat koe oars net ien wêze as de sjonger fan de Lytsewei. Teminsten der hâld ik it mar op.

Hans (1886-1959) wie in soan fan Douwe Jans Douma (1842-1898) en Pietje Andries van der Velde (1853-1893) dy't yn Ie wennen. Dêre wie Hans ek berne. Ik wit net sa folle oer de bern en bernsbern fan Hans en Sytske. Allinne dit: Hans en Sytske trouden op 21 maart 1914 yn Bûtenpost. Ik wit ek net hoefolle bern sy krigen ha. Ik tink fan in Geert en in Tjimkje, mar seker wit ik dat net. Sytske is krekt lyk as myn Beppe Hinke Nicolai ferstoarn yn de Spaanske Gryp, op 12 novimber 1918, yn 'e Ham. Sy wie berne yn 1891 yn Surhúzum.

Letter troude Hans wer, op 29 septimber 1921, yn Bûtenpost mei Jetske Veenstra (1893-), dochter fan Lammert Harmens Veenstra en Jeike Heines van Wieren dy't op 13 maaie 1876 trouden yn Kollum.

Ik ha wol trije bern fan Hans en Jetske fûn, nammentlik Douwe (1924-1987) en Jeike (stoarn yn 1950) en Boukje (1925-1934). Boukje is stoarn yn Grins. Fjirder wit ik dat Douwe troud wie mei Femkje Hoogsteen.

Sytske van Schepen wie in dochter fan Geert Hendriks van Schepen (1865-1956) en Tjimkje Wiebes Loonstra (1869-1899). Tjimkje wie in dochter fan Wiebe Sipkes Loonstra (1834-1906) en Sytske Sytzes van der Bij (1843-1916).

Geert van Schepen wie in soan fan Hendrik Geerts van Schepen (1835-1891) en Antje Mients Poelstra (1841-1889). Dizze Hendrik wie in soan fan Geert Hendriks van Schepen (1801-1865) en Bontje Teunis de Vries (1803-1878).

De 'van Schepen' famylje wenne yn Surhúzum, mar guons binne letter nei Kanada gien, lykas Tjitske Bonnes van Schepen (1910-) mem fan Lippe de Haan, en ek Hendrik van Schepen (1908-1977) heit fan dû. John van Schepen dy't yn Bellflower, California stiet.

Jelle yn Kanada