OP ZOEK NAAR ROOTS - 88


'Grandparents Day' of 'Pake en Beppe Dei'. Wy bin wer ris nei Trenton west, 250 kilometer by ús wei, om it skoalwurk te sjen fan twa bernsbern. It wie in moaie dei en wy bin goed ferwend troch de skoalle mei kofje, gebak, en letter sop en lekkere broadsjes en wat fruchten. Der wienen benei hast 200 fan dy âlde Hollânske emigranten yn dy gloednije Kristlike skoalle dy't al hielendal troch de âlden fan de bern, en pakes en beppes en ek oaren, betelle is. Mar gjin reade sint fan it regear. Neat! Wat ha dy emigranten in grutte leafde foar it Kristlik ûnderwiis yn Ontario! It kostet elts jier wer in fermogen, mar sy dogge it!

Sokke dagen ha ek in oare side: jo treffe in protte âld-Hollânders, en it duorret faaks mar efkes en dan ha jo al kontakt. Sa wie it dizze kear ek. Nei ôfrin kaam der in rêstige, rizige man op my ôf dy't sei: 'Komme jo fan 't Fean?'. Dat wie sa en doe sei hy: 'Ik kom út Surhúzum.' No ken ik wol aardich wat minsken út Surhúzum dat ik wie benijd wa't hy wêze koe. Hy sei dat syn namme Hindrik Hiemstra wie, en dat hy froeger dêre efter de toer wenne hie. Ik frege in pear fragen en ja, hjer, doe wist ik dat ik in kanjer oan 'e heak hie. Ik siz dat sa want ik hie wol gauris tocht oan de famylje Hiemstra út Surhúzum. Dat kaam sa om't Sieb Weening my dêr al ris in moai ferhaaltsje oer ferteld hie. En hjir wie einlings de kâns om dat te brûken yn in stikje foar de FEANSTER.

Hindrik fertelde my dat syn frou Pietje Hovius hiet en dat sy yn 1993 ferstoarn wie. Sy kaam fan 'de Zanden', ûnder Grinzer Pein, en wie in dochter fan Jacob Hovius dy't froeger wolris stean gie ûnder de preek yn ús tsjerke om't hy sa'n lêst hie fan de sliep. Sa steandewei bleau hy wekker. Ik fûn dat altyd hiel treffend as jonkje. Samar stean gean. Dat makke wol in djippe yndruk op my. Hindrik en Pietje kamen yn 1947 al nei Kanada. Syn folk buorke op in pleats flak efter de Herfoarme Tsjerke yn Surhuzum. En dêr hie Sieb in ferhaaltsje oer.

Sieb skreau ris: 'Als jongens moesten wij om de veertien dagen op Zatermorgen het melkgeld aan huis brengen bij de boeren. Mijn vader, Freerk Weening, was melk-rijder en bracht de melk van Surhuizum naar de zuivelfabriek in Surhuisterveen.

's Winters was dat een verroest koud karwei en je was zowat bevroren aan het einde van de rit. Boer Hiemstra was een van de laatsten waar de lege bussen werden afgeleverd en ook het melkgeld vanzelf. Keer op keer nodigde vrouw Hiemstra ons, vader en mij, uit om even binnen te komen, vlug de klompen in de oven en even vlak voor de kachel zitten om op te warmen voordat de terugrit naar de Achterweg, later Molenweg, begon op die koude, open melkwagen. Met dankbaarheid denk ik terug aan vrouw Hiemstra. Zij was een zorgzame vrouw. Zij doet me denken aan het schriftwoord in Hebreën 11:4 het laatste gedeelte : '...en hierdoor spreekt zij nog nadat zij gestorven is.'

Dy frou dat wie Hindrik syn mem. Dat ferhaaltsje lei altyd mar te wachtsjen op in geskikt momint, en no kin ik it moai brûke.

Hindrik Hiemstra (1920-) is in soan fan Sjouke Sipkes Hiemstra (1888-1979) fan 't Fean en Ytje Luinstra (1885-1963) dochter fan Hendrik Luinstra en Hittje of Hedwieges Rijpstra, minsken út Grinslân. Sjouke wie ien fan de 15 bern fan Sipke Hiemstra (1854-1930), boer oan de Feansterfeart, en Hielkje Sapes Ploeg (1857-1942). In oarenien fan dy fyftjin bern wie Sjoerd Hiemstra dy't libbensfersekeringen ferkocht en dy't wy better koenen as 'Hiemstra fan de Friese'. Sipke wie in soan fan Alle Hoekes Hiemstra (1825-1912) en Neeltsje Sipkes Algra (1829-1897). Dizze minsken buorken rûn Eastermar. Neeltsje wie in dochter fan Sipke Rinderts Algra en Wypkje Pieters Sikkema.

Dit noch eefkes: Hindrik Hiemstra syn jongste dochter Susan is troud mei Leonard Greidanus, en dizze minsken wenje tichteby Trenton en ha bern op dy Kristlike skoalle dêre. In neef fan Leonard is troud mei ús âldste dochter Wilma, en sa soenen jo sizze kinne dat Hindrik Hiemstra en wy dochs earne in bytsje famylje binne. Hindrik hat ek e-mail en sa kin wy dus wat kontakt hâlde.

Jelle yn Kanada