OP ZOEK NAAR ROOTS - 84


'Ús Simen is in fanatike mailer', skreau Aukje van der Meulen-Veltman út Bûtenpost my lêstendeis. Sy fertelde my fjirder wat Simen die en wêr't hy wenne. Hy is learaar en wennet yn Meppel. In skoftke letter ha ik Simen ek in mailtsje stjoerd en no blykt dat hy en ik op deselde kweekskoalle sitten ha yn Drachten. Allinne mei dit ferskil dat hy tsien jier jonger is. Hy drafket noch dapper mei foar de wein, wylst ik op 'e wein sitte mei! Sa kriget elts in beurt. "Alles hat in stelde tiid", seit de Prediker. Hy seit ek yn haadstik 3 : 13 "...dat ider minske yt en drinkt, en it goede genietet fan al syn arbeid ..."

Dit hiele ferhaal begûn doe't ik in mailtsje krige fan Aukje dy't mei har man Jelle van der Meulen yn Bûtenpost wennet. In oare kear wol ik wat mear fertelle oer dizze Jelle. Sa soe bygelyks Ali, myn frou, tsjin Foekje, har suster, sizze kinne: 'Myn Jelle hat útfûn dat dyn Jelle famylje is fan Aukje har Jelle."

Aukje hie my in skoftke lyn ek al ris wat dingen stjoerd oer har âld-omke Tsjerk Atsma dy't ik neamd hie yn in stukje yn ROOTS. Dat joech my wer wat mear ynformaasje. En Aukje hie my ek wat dingen ferteld oer de Veltman-famylje út Eastermar en sa wit ik dus in hiel stik mear as foarhinne.

As jonkje ha ik froeger wol gauris yn Eastermar en op it Heechsân omswalke om't wy wat famylje hienen yn Eastermar. Myn heit hat my al ris sjen litten wêr't sy froeger wennen op 'e Snakkerbuorren wêr't myn broer Rinze berne is. Myn âld-omke Elle, Elle-klokje of Elle Wijma, wenne ek yn Eastermar en ek myn omke Pieter en Tante Froukje. Omke Pieter wie smid yn Eastermar. Wat mocht ik der stoarmske graach wat yn dy smidte omsneupe en wat prutse by de bankskroef. Sok moai ark hiene wy thús net. Thús wie oars neat as in hammer en knyptange. Mar by omke wie fan alderhande ark.

Aukje skreau oer de frachtrider Senneker, har âld-omke, mar foaral oer har pake Rinze dy't in saak yn elektrysk spul hie en der stie ek in benzinepomp foar de doar. Yn it boek 'Eastermar' stiet in foto fan dy benzinepomp fan Veltman. Dat komt my allegearre samar wer foar de geest. Wat wie Eastermar eins in moai âld doarp. Ik fûn it dêr gesellich. Gjin wûnder dat myn omkesizzer Rudi de slachter dêr sa graach wêze mei. En Tineke en de bern ek fansels.

Nei dizze email fan Aukje bin ik begûn har famylje wat út te sykjen. It duorre mar eefkes en doe siet ik al by Joop Atsma de man fan de polityk en by Rypke Atsma fan't Fean. Allegearre famylje fan mekoar. Hoe sit dat? Aukje har mem is in Atsma, nammentlik Anna of Anneke.

Aukje neamde ek noch har omke Roel Veltman, of leaver Roel Musyk sa't de minsken him koenen. Roel hat wol 60 jier lang de tsjinsten yn 'e Herfoarme Tsjerke op it Heechsân begelied op it oargel. 'k Ha him dêr wol ris heard.

No earst efkes wat oer Atsma en dan noch oer Veltman.

Aukje (1951-) har mem is dus Anna Atsma (1917-1999) dochter fan Hendrik Rypkes Atsma (1888-1965) en Trijntje Tjeerds Buursma (1887-1978) dochter fan Tjeerd Alles Buursma (1856-) en Fokje Hendriks Jongsma (1860-) út Wynjeterp en omkriten. Hendrik Atsma wie in soan fan Rypke Tjserks Atsma (1857-1938) en Antje Hendriks Bosma (1863-). Oer Hendrik Atsma syn broer Tsjerk (1856-1981) ha ik al ris wat ferteld. De âlden fan Rypke wienen Tsjerk Rypkes Atsma (1832-1889) en Willemke Buma (1863-1891).

Rinze Veltman (1917-1998) wie in soan fan Simen Roelofs Veltman (1886-1978) en Antje Tjipkema (1886-1927) dy't in dochter wie fan Rinze Jelles Tjipkema (1852-) en Eelkje Sytzes van der Ley (1857-1932). Simen Veltman wie in soan fan Roelof Atzes Veltman (1851-1933) en Wikke Rinzes de Vos (1849-1936) dochter fan Rinze Hylkes de Vos (1809-1898) en Dieuwke Sytzes Zondervan (1816-1905). Dieuwke har suster Hinke wie troud mei Karst van Dellen fan 't Fean. Om ferbân te lizzen tusken de Veltman-famylje en ús folk falt noch net mei.

Jelle yn Kanada