OP ZOEK NAAR ROOTS - 82


Ik tink noch wol gau ris oan de tiid doe't ik lyts wie en in protte fan de minsken persoanlik koe, dêr't ik no wol ris oer skriuw. Hie ik doedestiids mar de fragen frege dy't ik no ha, mar no gjin antwurd op krij. Sa wennen der froeger skean tsjin oer ús yn in moaie grutte dûbele wenning twa Rinsma gesinnen. Yn de iene helte wennen Jan en Pietsje mei in pear bern, en yn dy oare helte wennen pake en beppe Rinsma: Sjoerd en Johanna. En ik tink dat der ek noch in âlde beppe by yn wenne. Miskien wie dat wol de mem fan Johanna: Neeltje Thomas Knoop (1858-1951). Tinus Jongsma hat my wat holpen it ferban te lizzen tusken Johanna Knoop en de Knoop-en dy't ik al yn myn kompjûter hie om't dy ek yn ús famylje sitte.

Sjoerd Rinsma hie timmerman-oannimmer west, en syn beide soannen Jan en Yme hienen de saak fan harren heit oernaam. Ik ha as jonkje wol gau ris yn dy timmer-winkel west. It wie in soarte wurkpleats efter it hûs. It rûk der sa hearlik fan hout en spoannen en ik mocht dêr graach wat omstrune.

Sjoerd Rinsma wie wolris oant slypjen mei wat ark, foaral beitels, bilen en messen. Hy hie dêr sa'n machtich grouwe slypstien stean met in grutte slinger as hânfet. Ik ha dat grutte swiere ding wolris draaid foar Sjoerd en ik wit noch dat dat dan hiel regelmjittich moast. Sjoerd wie somtiden wat brimstich en koe ek wol ris bromme en dêrom probearre ik hiel bot om it sa goed mooglik te dwaan. Dy grouwe stien rûn troch wetter dat yn in soarte bak siet flak ûnder de stien. Sa bleau de stien moai wiet en dan slipe it better.

Ik fûn lêstendeis út dat myn mem en âlde buorfrou Johanna Rinsma-Knoop famylje fan mekoar wienen, mar dat ha sy fêst nea witten. Sy koenen hiel goed oer de wei, dy twa. Mem mocht graach oer Johanna en ek oer Pytsje, dat wit ik noch wol.

Hoe siet dat famylje-spul no yn mekoar?

Johanna har mem Neeltsje Knoop wie in dochter fan Thomas Pieters Knoop (1817-1868) en Antsje Pieters van Dekken (1816-). Thomas, dy't smid wie op 't Fean, wie in soan fan Pieter Tjeerds Knoop (1774-1857), ek in smid, en Neeltsje Johannes Kramer (1781-1849). Dizze Neeltsje wie in dochter fan Johannes Jans Kramer (1744-1811, turfskipper, en Antsje Harmens (1739-1818). Neeltsje hie in broer Alle Johannes Kramer (1773-1845) dy't troud wie mei Tryntsje Bouwes Postma (1778-1853) en dy hienen in soan Johannes Alles Kramer (1810-1886), ek in skipper, dy't troud wie mei in famke út Brabân, nammentlik Theodora Petrus de Brouwer (1809-1886). Harren dochter Aaltsje Johannes Kramer (1845-1928) wie de beppe fan myn mem. Oer dizze Aaltsje ha ik wol earder wat ferteld.

Dit noch eefkes: Neeltsje Thomas Knoop (1858-1951) wie de jongste suster fan Pieter Thomas Knoop (1838-1903), dy't ek smid wie op't Fean, en troud wie mei Bieuwkje Douwes Wijnalda (1838-1923). Sa reitsje wy dus ek yn de Wijnalda famylje fersyld. En fia de Postma's dy't ik neamde, kinne jo in protte oare kanten út: nei Schuilenga, Postmus, Kramer, Wouda, Fokkinga, en noch wol mear.

Noch eefkes nei Sjoerd Rinsma (1873-1958). Hy wie in soan fan Jan Imes Rinsma (1833-1906) en Sytske Sjoerds Veenstra (1833-1914). Jan wie in soan fan Ime Kornelis Rinsma (1798-) en Tsjitske Johannes de Jong dy't op 12 maaie 1830 yn Drachten trouden.

Dy Bieuwkje wie in suster fan Douwe Douwes Wijnalda (1831-1911) dy't troud wie mei Aatje Berends Renkema (1835-1923). Dit spantsje hie fest en seker 15 bern. Ien fan dy keppel wie in oare Bieuwkje Wijnalda (1875-1959) dy't troud wie mei Dictus Nanes Benedictus (1871-1954). Harren dochter Gaatske (1910-1936) troude mei Hendrik Kuipers. Of it soe al wêze moatte dat Gaatske har broer Nane Benedictus troude mei in suster fan Hendrik Kuipers, Wytske Kuipers. Mar dêr wit ik neat fan om't ik dy famylje nea útsocht ha. Miskien kin ien of de oare my wol ris wat ljocht jaan oer dy famylje. Dit is earst wol genôch sa.

Jelle yn Kanada

[Wy hoopje 3 wiken yn Fryslân te wêzen, fan 15 maart oant 3 april ta. Treffe wy jimme op 23 maart yn de Lantearne op de genealogyske dei? Graach.]