OP ZOEK NAAR ROOTS - 81


It kin bytiden frjemd rinne. Ik hie krektlyn wat yn it boek 'Niet een Brug te Ver!' sitten te sneupen, en ek yn it boek 'De Ham - in doarp op 'e sânen'. Dat earste boek beskriuwt it bysûnder moedige wurk fan in keppel fersetsstriders om de grutte brêgen fan Blauferlaat en de Tille te sparjen yn april, 1945. Ien fan de mannen dy't ek yn dat ferset in rôle spiele, wie Willem Brouwer, soan fan Hielke Brouwer en syn frou Gelske de Boer. Dat boek 'Niet een Brug te Ver!' neamt dizze beide mannen: heit Hielke en soan Willem. Dizze minsken wennen earne tusken Twizel en de Tille. Yn it boek oer 'De Ham' lêsde ik in stikje oer de Hamster feart dy't ferbrede waard yn it begjin fan de 1920'er jierren. De gemeente Achtkarspelen kocht doe lân fan de boeren om dy feart wat breder te meitsjen, mar ien stikje lân koene se net krije. Dat hoekje lân wie eigendom fan de diakonij fan de Herfoarme Tsjerke yn 'e Ham. De diakonij en foaral de dûmny, dû. J. van de Pol, woenen earst mear sinten sjen. De keap gie net troch en de gemeente hat doe de feart ferbrede mei in bocht om dat stikje lân hinne. Letter wurde dat wol gauris de Polse of de Brabantse Bocht neamd om't dû. van der Pol út Brabân kaam.

In wike of wat lyn krige ik in mailtsje fan in frou út Brits Columbia oan de fiere westkust fan Kanada. Har namme is Dini Brouwer, neamd nei har beppe Berendina van de Pol. Dini hie wat fragen oer de Brouwer famylje en fertelde û.o. dat it gesin fan dû. van de Pol letter, nei wat jierren yn Curaçao west te hawwen, werom gien is nei de Ham. Ek dat har tante Bep, suster fan har mem, wenne hat yn in hûs neist de pastorij fan de Kristl. Griff. Tsjerke, en dat Janke Postma by har yn wenne. Dizze Janke wie in dochter fan Marten Postma en syn frou Froukje, dy't de eigeners west ha fan dat bouterrein wêr't dat hûs op stie. Dini is dus famylje fan dy beide famyljes: Brouwer en van de Pol. Dat sit sa:

Dini (1942-) is berne yn Apeldoorn as dochter fan de fersetsstrider Willem Brouwer (1916-2001) en Margaretha van de Pol (1917-2000), dochter fan dû. Jan van de Pol (1881-1961) en Bernardina Henderika van der Berg. (1885-1945)

Willem wie in soan fan Hielke Willems Brouwer (1890-1972) en Gelske de Boer (1892-1976). Hielke wie in soan fan Willem Brouwer (1857-1935) en Antje Merkus (1856-1897). Dizze Willem wie in soan fan Sjoerd Brouwer (1822-1895) en Jantje Oedzes Dijkstra (1819-1868).

Antje Merkus wie in dochter fan Hielke Atzes Merkus (1827-1904) en Ymkje Roels Hoekstra (1833-1871). Hielke wie in soan fan Atze Jelles Merkus (1776-1848) en Jantje Jarigs Katsma (1789-1839), en Atze wie in soan fan Jelle Harmens Merkus (1744-1827) en Lysbet Atzes Nicolai (1747-1827).

Atze hie in suster Frijke Jelles Merkus (1778-1813) dy't troud wie mei Pieter Gooitzens Nicolai (1775-1850), en harren dochter Trijntje Pieters Nicolai (1810-1878) troude mei Dictus Teyes Benedictus (1799-1870). Dictus en Tryn hienen in dochter Loltsje (1838-1909) dy't troude mei Sierk Kornelis Franken (1833-1902), en harren dochter Hiltsje (1878-1948) wie myn beppe dy't troud wie mei myn pake Rinze Hendriks Kooistra (1875-1946).

Ik wie lêstendeis eefkes op besite by myn âlde tante Aal yn Whitby, Ontario, en frege har wat dingen oer de Ham, fan froeger fansels. Ek oft sy de famylje fan Dû. van der Pol wol kend hie. 'O, ja, hiel goed', sei tante, 'ik ha dêr faak yn 'e hûs west te boartsjen mei in pear fan de famkes. Wy gienen nei de selde tsjerke en nei de selde skoalle', sei tante. Sy wist de nammen net mear. Gjin wûnder as jo al goed 88 binne! Ik bin it spoar no al wolris bjuster!

En sa eindiget dit ferhaaltsje oer wat minsken fan 'e Ham en omkriten. Miskien binne der wol lêzers dy't dit folkje ek wol kennen ha. Lit it my mar ris witte.

Jelle yn Kanada

[Sa't it no liket komme myn frou en ik mids maart yn Fryslân, en ek op't Fean. Der wurdt in dei organiseare foar Roots-lêzers: 23 maart yn de Lantearne. 'k Ha der no al sin oan minsken te moetsjen! Tinus Jongsma wit der mear fan ôf.]