OP ZOEK NAAR ROOTS - 80


Ien fan de grutste eveneminten dy't in jonge fan sa'n 13, 14 jier mei meitsje koe yn myn jongesjierren, krekt nei de oarloch, wie Abe Lenstra te sjen. As jonges koenen wy him allinnich mar fan de ferhalen ûnder mekoar en fan guons dy't wol ris in krante krigen. Dochs wie hy ús 'held'. 'Abe, Abe, ...!' Minsken, hy wie benei ús ôfgod! In inkele kear leinen wy wolris by buorman Jan Rinsma foar op 'e stoepe om te lústerjen nei de radio as de T.T. reesd wurde in Assen, of as it Nederlânsk Alvetal spyle tsjin België. Dan die frou Rinsma, Pietje, de foardoar wagewiid iepen en koenen wy it bûten hearre! In kloft fan sokke apen lyk as wy, leinen azemloas te lústerjen nei it 'brullen' en razen fan de motors yn Assen, of nei de spannende reportaazje oer it Nederlânske Alvetal! As wienen wy der echt by, it hoechde net oars. Wy libben mei, wy jûchden mei, wy bearden mei, wy swetsten mei, wy raasden mei, wy hâlden ús siken benei yn, en ... wy gûlden omtrint as 'wy' it ferlearen.

Kin jo jo yntinke hoe't ik my fielde doe't Yme Rinsma, ús buorman, rjocht tsjinoer ús, my as jonge fan 13, 14 jier, op in kear frege, midden yn 'e wike: "Jelle, wolsto jûn mei my mei nei Hearrenfean nei it fuotbaljen en Abe sjen?" Wat?!? Hearde ik dat goed? Dêr hoechde ik net lang oer te tinken. 'k Fleach as in wyldenien nei hûs en fertelde allegear it grutte nijs. Gau wat ite. En nei Yme ta. Foaral net te let komme. Miskien wie it aldergrutste wol ..... om by Yme achter op 'e motor te sitten. Earste kear yn myn hiele libben. Kin jo begripe. Jeie! Fleane! Noch nea hie ik flugger riden dan mei myn âld fyts dy't wol in pear maten te heech en te grut wie. 't Wie in âld fyts fan in lange omke. En no op in motor! Minsken, minsken. It is oan gien. Heit en mem en de jonges stienen ús nei te swaaien. Ik wit no noch, mear as fyftich jier letter, hoe't wy troch de bochten saaiden. Yme hie sein hoe't dat moast. Hingje! Goed beethâlde! 'k Sjoch no noch dúdlik hoe't wy troch de bochten skeaten by Houtigehage en de Kompenije. Minsken, dat wie oars wat as op in âld fyts. Machtich. Wat in belibbenis op ien jûntiid. Mar ek, wat royaal fan in buorman. Foar him wie't mar in lyts ding miskien om in jonge mei te nimmen, mar foar dizze jonge wie it wol hiel, hiel grut. Ik belibje it hjoed suver noch wer ris op in nij. Fan de wedstriid wit ik net safolle mear. Allinne noch dat ien in 'korner' naam dy't moai mei in grutte bôge flak foar de goal terjochte kaam.

Yn in folgend stukje sil ik wol ris útlizze hoe't Yme en ik fia ús memmen bei mekoar komme by Tsjeard Knoop, dy't hiel froeger smid op 't Fean wie.

Yme syn frou Riek en ik komme ek by mekoar, en dan ek fuortynienen by Jan Ridzerts Elzinga. Eins sitte Jan en Riek folle tichter by mekoar as Riek en ik, of Jan en ik. Mar wy ha alle trije bloed yn ús ieren fan Klaas Alberts Gorter (1764-1845). Hoe sit dat yn mekoar? Hiel ienfâldich. Hjir komt it.

Henderika Kooistra (1917-), de frou fan Yme Rinsma, wie in dochter fan Teake Kooistra (1879-1963) en Hinke Klazes van Dellen (1884-1959). Dizze Hinke wie in âldere suster fan de mem fan Jan Elzinga, Antsje Klazes van Dellen (1895-1970). Dizze susters wienen dochters fan Klaas Karstes van Dellen (1852-1917) en Martsje Hendriks Gorter (1856-1929). Jan syn suster Martsje is nei dizze beppe Martsje neamd. Martsje Hendriks Gorter wie in dochter fan Hendrik Klazes Gorter (1822-1888) en Ienje Lammerts Barma (1831-1864). Dizze Hendrik wie in soan fan Klaas Alberts Gorter (1764-1845) en fan syn twadde frou Geertsje Staal (1784-). Klaas hie earder troud west mei Aafke Gerbens (1774-1812), dy't hiel jong ferstoar. Ien fan de bern út dat earste houlik wie Janke Klazes Gorter (1812-1893) dy't troud wie mei Kornelis Willems Buursma (1814-1881). Harren dochter Romkje Buursma (1841-1929) wie troud mei Hendrik Kooistra (1847-1917). Harren soan Rinze (1875-1946) wie troud mei Hiltje Franken (1878-1948) en dat wienen de âlden fan myn heit Hendrik Kooistra (1906-1994). Ik tink net dat myn heit wist dat Antsje, frou fan Ridzert Elzinga, en Riek de frou fan Yme Rinsma, beide famylje wienen fan him. En sy wennen mar in pear hûndert meter fan mekoar ôf.

Jelle yn Kanada