OP ZOEK NAAR ROOTS - 77


E-mailtsjes soargje soms foar moaie ferrassings. Sa krige ik okkerdeis in briefke fan Atty de Waard út Heelsum oan de râne fan de Veluwe. Sy hie myn website fûn en probearre de Fryske stukjes fan Roots te lêzen. Sy fertelde my dat sy famylje wie fan de Schuilenga's fan 't Fean. En ... sy en ik komme by mekoar yn Bouwe Franzes Postma (1742-1822) en Hiske Jacobs van der Ploeg (1753-1822).

Wa is Atty? Sy skreau dat har heit en syn trije broers en twa susters froeger wol gauris op 't Fean kamen te útfanhûzjen by de Schuilenga en Hiemstra famyljes. As ik de namme Schuilenga hear, tink ik fansels oan Taeke, de bakker, dy't my wol holpen hat as jonkje by de winkeldoar as kloften minsken my oan kant triuwe woenen op Sneontemoarn. Dat wie ek de man dy't sa wreed fermoardde is troch de Dútsers yn 1943. Mar der wie ek noch in broer fan Taeke, Jan Djoerds Schuilenga, de man fan it grutte houtstek en it stienfabryk. As ik oan him tink sjoch ik him foar my as de man mei de glêde houten klompkes, sels op snein nei't tsjerke. Ik sjoch him noch sitten yn myn gedachten, yn de âlde Grifformearde Tsjerke op 'e Dellen. Syn houtstek wie ek it plak wêr't krekt nei de oarloch dat prachtige en fenomenale toanielstik of revu opfierd is dat it hiele Fean en omkriten oan 't laitsjen brocht. 'Feanster Flucht yn Earnst en Klucht'. Wat hienen de minsken dat doe nedich om wer ris te laitsjen. As skoalbern mochten wy it op in middei sjen. Wy ha genoaten! Ik sjoch guons fan dy taferielen noch dúdlik foar my: it spoek dat troch de loft fleach en ek de ko dy't molken waard midden op it toaniel.

Wa is Atty no eins? Sy is berne yn 1951 yn Zwolle as jongste dochter fan Djoerd (Joek) de Waard (1921 Bunschoten-) en Aaltien ter Brugge (1921 Denekamp-). Djoerd is ien fan de seis bern fan Jakob de Waard (1888-1959) en Aaltje Schuilenga (1889-1973). En sa komme wy dus op 't Fean by de Schuilenga's. Aaltje wie ek in dochter fan Djoerd Jans Schuilenga (1851-1940) en Elizabeth Taekes Postma (1849-1903). Dizze Djoerd wie in soan fan Jan Sapes Schuilenga (1805-1859) en Lutske Everts van Kammen (1816-1898). Djoerd en Elizabeth hienen mear bern dy't elts harren eigen húshâldings krigen: Taeke (1878-1943) wurde bakker en troude mei Engeltje Bos (1881-1940) dy't út Grinslân kaam. Jan (1876-) hie in houthandel en wie troud mei Stientje Westra. Lutske (1887-1909) troude mei Tjerk Rypkes Atsma (1886-1981). Sy is mar in heal jier troud west en ferstoar doe al. Tjerk is nea wer troud. Janke (1882-1968) troude mei Alle Hiemstra (1880-1969) soan fan Sipke Alles Hiemstra en Hylkje Sapes Ploeg. In oer-pake-en-beppe-sizzer fan Alle en Janke is Djoerd Hiemstra, dy't psycholooch wie yn Drachten en no oan de universiteit fan Twente wurket. Der wie ek in Sape dy't troud wie mei in Marie. En dan Aaltsje fansels dy't troude mei Jakob de Waard.

Jakob wie it iennichste bern fan Sietze de Waard en Rinskjen Sytema. De famylje de Waard kaam út Ruigewaard by Grijpskerk. Sietze en Rinskje wennen letter yn Gruttegast. Jakob wie in skrander en tûk baaske en op oanrieden fan it haad fan de Kristlike Skoalle moast hy eins fjirder leare. Hy is dûmny wurden en hat tsjinne yn de Griff. Tsjerken fan Ferwerd, Donkerbroek, Spakenburg, Rijnsburg, en Kampen. Yn 'e oarloch koe hy him net stil hâlde op de preekstoel oer de Dútsers en hat doe in skoft yn Amersfoort sitten.

Atty fertelde my ek noch dat har heit Djoerd de Waard wol op 't Fean út-fan-hûs kaam en dat hy graach by omke Alle en muoike Janke wêze mocht. Ien ding fûn hy net sa noflik: om by harren hûs te kommen moast hy altyd by it tsjerkhôf lâns en der hie hy it net op stean. Dat kaam foaral omt syn âldere Schuilenga neven him bang makke hienen. Hjoed de dei, 75 jier letter, fielt hy wer de rillings oer syn rêch rinnen, fertelde hy oan Atty. Hy wie sokke tiden ek wol by de jonges fan Taeke-bakker, en gie soms ek wol mei te suteljen. Dat gie mei faasje en sy wienen net sa lang by de klanten. Mar by ien klant duorre it gâns langer. Dan moast Djoerd mar wat boartsje of wat oars dwaan, want it die bliken dat syn maat de dochter fan dy klant skoan koe. Jonges en famkes koenen der doe ek al wat mei!

Der is in genealogy oer de fam. Schuilenga. Dy is yn te sjen yn it ryksargyf yn Ljouwert. It is GEN 794, neffens dû. Kees de Boer.

Jelle yn Kanada