OP ZOEK NAAR ROOTS - 74


It mist hast nea as wy de tiid krije fan 'tankdei foar it gewaaks' dat ik net eefkes tink oan wat der barde op 't Fean doe't ik omtrint 12 jier âld wie. Dan kinne jo wer sjen hoe't bepaalde foarfallen djippe yndrukken efter litte.

It wie hjerst, 14 novimber 1945, ûngefear 5 ûre yn'e neimiddei. Wy wennen op 'e Warreboskleane en ynienen gie de tynge: 'Der is brân earne tusken Blauhûs en de Feanster haven. Wy koenen de lôgjende flammen dúdlik sjen. Minsken wat in fjûr! Wat in evenemint foar lytse jonkjes! Der op ôf fansels. Wy fleagen nei de buorren, rjochting de haven, en ja, hjer, dêr wie de brân. It wie de buorkerij fan Pieter Jans de Jong (1883-1975)! De brânspuit wie der al en der wurde omraak spuite. Wy hearden roppen en razen fan mannen dy't wakker probearden noch wat kij der út te skuorren. Mar dat woe net. Dy eangstige beesten rûnen der fuort wer yn. 't Wie bûten ek sa spoekeftich en tsjuster. Letter hearden we in pear skotten. In stikmannich kij wurden deasketten yn 'e brânende skuorre. It hiele spul barnde ôf. Neat bleau stean! Alles lei plat!

Dy selde jûns wie der in tsjerketsjinst: 'dankstond voor het gewas'! Wy gienen dy jûns ek nei de Griff. Tsjerke op 'e Dellen. Ik wit noch skoan dat dû. Booi it ôfkundigde en letter ek foar de fam. de Jong bidden hat. De Herf. tsjerke op 'e Loane hie ek tsjinst dy jûns, mar der wie gjin elektrysk ljocht om't de stroom der ôf wie fanwege de brân op 't Fean. Dochs hat dy gemiente in tsjerketsjinst hâlden by ... kearsljocht.

Ik wist de júste datum net mear mar dat wist de no âlde Jan de Jong (1918-) noch hiel dúdlik doe't ik lêstendeis eefkes mei him praat ha oer de tillefoan. En dûmny Kees de Boer, ek in âld-Feanster, skreau my yn in e-mail dat syn heit Piet de Boer in oantekening makke hie yn syn deiboek: "1945 14 nov. s'avonds om 5 u. P. J. de Jong, groote Boerderij afgebrand. Kortsluiting (4 koeien)."

Jan de Jong fertelde my presiis it selde. Hy sei noch: "Wy sieten moai te melken en ynienen wie der in stik fjûr ... ik stode nei de sekerings-doaze om de stroom ôf te slúten, mar it wie al te let. Alles stie al in 'e brân!"

Soan Pieter (1959-) buorket no op dat spul dat pas yn 1947 op nij opboud is. Wat ek al in lijen foar dy minsken: earst de oarloch, doe de brân, doe de strange winter fan '46/'47 en gjin materialen flak nei de oarloch! Jan en Geertje binne beide al yn 'e tachtich, mar wenje noch op 'e pleats mei soan Pieter.

Wa binne dizze minsken eins? Der sille wol guons wêze op it Fean of der bûten dy't miskien besibbe binne oan dizze fam. de Jong en oan de Algra's. Dat wit ik eins net. Lit it my mar ris witte. Yn elts gefal wit ik dit wol:

Pieter (1959-) is dus in soan fan Jan de Jong (1918-) en Geertje Algra (1921-), dochter fan Bonne Algra (1883-) en Leentje van der Burg (1880-). Jan is in soan fan Pieter de Jong (1883-1975 ) en Aukje van der Burg. Pieter is in soan fan Jan Durks de Jong (1855-) en Sytske van der Veer (1856-), dochter fan Tjibbe Pieters van der Veer en Geeske Hendriks Wieringa. Jan Durks wie in soan fan Durk Jans de Jong en Aaltje Douwes Sibma (1831-). Aukje van der Burg wie in dochter fan Sjirk Franzes van der Burg (1857-) en Jinke Brandsma (1859-) dochter fan Wytze Hedzers Brandsma en Aukje Theunis Rispens. Sjirk wie in soan fan Frans Sjoerds van der Burg en Hielkje Sjoerds Hoekstra. Bonne Algra wie in soan fan Jonas Algra (1855-) en Geertje Hoekstra (1856-) dochter fan Jelke Sjoerds Hoekstra en Pietertje Hendriks Kooistra (1819-). Jonas wie in soan fan Pieter Bonnes Algra en Grietje Jonas Hoekstra. Leentje wie in dochter fan Bokke Franzes van der Burg (1863-) en Klaske Tjeerdsma (1863-) dochter fan Uitze Johannes Tjeerdsma (1823-) en Leentje Jans van Berkum. Bokke wie in soan fan Frans van der Burg (1829-) en Hielkje Sjoerds Hoekstra (1825-). Frans wie in soan fan Sjirk Willems van der Burg en Wietske Bokes Schuurmans. Jan en Geertje komme dus by mekoar yn dizze Frans en Hielkje. En Geertje Algra en ik komme by mekoar yn Wietske Bokes Schuurmans om't ik in âld-muoike hie, Rinskje Nicolai, suster fan myn beppe Hinke Nicolai, dy't troud wie mei Bokke Franzes Schuurmans (1883-1952) dy't ek út it laach fan Frans Bokes Schuurmans kaam. Dizze Frans wie in folle broer fan Geertje har foar-beppe Wietske Bokes Schuurmans.

Jelle yn Kanada