OP ZOEK NAAR ROOTS - 73


It woe fan 'e moarn net rjocht bite. 'k Hie eefkes te fiskjen west yn in marke op in moaie camping earne yn de heuvels tichteby Renfrew. It is benei hjerst mar it waar is noch krekt as wie it simmer. It sil hjoed 30 graden wurde. Ik krige fan 'e moarn dan ek gjin bret fiskje lyk as de dissipels oan it mar fan Galiléa. Dy hienen mear fongen as ik, mar sy brûkten ek gjin angel en gjin wjirm, neffens it ferhaal yn de Bibel.

Doe't ik dêr sa siet te stoarjen nei myn dôberke, kamen my fan alderhanne foarfaltsjes oer fiskjen yn 't sin doe't wy noch jonges wienen. Wy stapten wol gauris fan't Fean nei it Knillisdjip by Blauferlaat en Stroobosk om dêr te fiskjen. Soms woe't wol aardich goed, mar faak ek net. In protte snotterguod. Wy fongen nea sokke dikken as Siebe Veenstra wol ris oan de heak hie. Siebe ried wol gauris hiel stadich op syn grutte bakfyts by ús lâns. 't Koe hast net stadiger. Faak hie hy syn lange giele angelstok yn 'e bak lizzen en dan fiske hy wol ris as hy sa by de streek wie om fodden, âld izer, âld koper, mar ek om wat bjinders, fegers, dweilen en biezems te ferkeapjen. Wy fregen Siebe wolris oft hy wat fongen hie. Dan stoppe hy syn benei stilsteande bakfyts en fertelde ús dan sterke ferhalen oer kanjers fan fisken dy't hy ferspile hie yn 't Knillisdjip. 'Jonges, ik ha lêstendeis ien oan 'e heak hân, sei hy, dy wie sa grou, sa lang, in meun-ster wie't, wrachtich wier, ...dy koe net iens draaie yn 't Knillisdjip, dy moast nei Bedelaarsboom by Stroobosk om dêr te draaien!' Wy stienen mei ferwûndering nei Siebe Koning, of Siebe Snor, of Siebe Fodde - sa neamden wy him faak mar bedoelden der neat ferkeards mei - te lústerjen. Dat wie nochris fiskjen! Dat wie wol wat oars as dy lytse ieltsjes, bearskes, en foarntsjes dy't wy wol gauris fongen. Siebe fong - en ferspile! - meunsters, ûnhuerige meunsters, kanjers fan fisken! Grutte brúnfisken mei koppen sa grut as kapklompen! Yn myn ferbylding seach ik al sokke groue, grutte walfisken dêr yn 't Knillisdjip omslaan mei harren brede rêgen dy't sa no en dan efkes boppe wetter kamen. En sokken hie Siebe wolris oan 'e heak! Geweldich. Wat wie Siebe gelokkich. Wy leauden elts wurd dat Siebe sei. Master Tjoelker lêsde ús wol ferhalen foar oer de walfisken, en wat Siebe fertelde like der hiel wol op. Wy koenen mar amper wachtsje oant wy grutter wienen, ek sa'n grutte snor hienen, en dan soenen wy ek ......!

Wa is Siebe Koning? Of leaver Siebe Veenstra? In soan fan Siebe is Oeds dy't wol mei myn broer Sjirk wurke hat by Tinus de Haan. Ik ha hiel wat gegevens krige oer dit grutte gesin fan ien fan de famkes fan Siebe en Trien, nammentlik fan Trien (1937-). Sy fertelde my dat der 14 bern west hienen, dat har mem hiel sterk en warber wie, dat sy altyd klear stie om te helpen en te soargjen foar de bern. Trien fertelde ek dat it hiel gewoan wie dat der 4 bern yn in bedstee leinen, twa op it hollenein en twa op it fuottenein. Dat moast ek wol yn sân grut gesin yn sân lyts huske dat oan de Warreboskleane/ Trijeroede stie, net sa fier fan Hindrik Baron ôf. Sy fertelde my ek dat har mem in 'gelovige' frou wie, en al goed 80 jier wie doe't sy noch belidenis fan har leauwe die yn Bertille yn Drachten. Dat makke my hiel bliid doe't ik dat hearde.

Siebe (1884-1966) wie in soan fan Siebe Jans Veenstra (1847-1913) en Liske Oedzes Bos (1850-1932) dochter fan Oeds Siebes Bos (1809-1874) en Pietje Jacobs van der Sluis (1813-1898). Siebe Jans wie in soan fan Jan Wolters Veenstra (1806-1868) en Hendrikje Siebes Boomsma (1819-1878). Siebe (1884-1966) wie troud mei Trijntje Gerrits Mulder (1894-1980) dochter fan Gerrit Harmens Mulder (1856-1927) en Grietje Jans Veenstra (1865-1926) dy't in dochter wie fan Jan Boeles Veenstra (1827-1901) en Froukje Annes de Vries (1823-1892). Gerrit Mulder wie in soan fan Harm Hendriks Mulder (1825-1905) en Trijntje Rinzes Bosma (1827-1906). Siebe syn âlden komme beide út by Johannes Geerts Drost, soan fan Geert Drost en Hiske Johannes Kramer, suster fan myn oer-beppe Aaltsje Johannes Kramer. Dus ek al wer famylje. Dat mist hast nea.

Jelle yn Kanada