OP ZOEK NAAR ROOTS - 72


Doe't ik yn 1946 as in bûkemantsje fan goed 12 jier op 'e Mulo yn Drachten kaam, hie myn broer Rinze dêr al in jier west. Hy hat wierskynlik yn de selde klasse sitten as Hielke Klaver út Boelensleane.

Ik krige okkerdeis in e-mail fan in sekere Hielke Klaver út Amearika. It die bliken dat hy yn juny 1947 al emigreard wie mei syn âlden nei Michigan, yn Amearika. Sy wienen dus wol guon fan de alderearsten dy't de grutte dobbe oer stutsen. Hielke skreau dat hy in pear jier letter by de loftmacht gien wie en ek trije jier yn Dútslân tsjinne hie. Yn 1956 is hy út tsjinst gien, wie doe al in jier troud, en folge al gau syn âlden dy't ûnderwylst nei Brits Columbia yn Canada gean wienen. No is dit de selde Hielke dy't mei ús nei de Mulo gie.

Hielke fûn goed wurk yn Brits Columbia, mar 7 jier letter gienen hy en syn frou en bern dochs wer nei Amearika, nei Portland, California. Dêr hat hy 30 jier lang wurke foar Daimler Freightlines. Hielke en Inge krigen 3 jonges, mar ien fan de jonges, Ronald, is ferûngelokke wylst hy freonen holp yn't hea. Ronald wie op 4 dagen nei, 16 jier âld. Dus ek al wer fertriet! Yn Nederlân gienen de Klaver's nei de 'beswierde' tsjerke, mar no geane Hielke en Inge nei in 'Swiss Calvinist' tsjerke.

Hielke docht ek hiel wat wurk oan syn stambeam, hat al in protte gegevens, en hie myn namme fûn op it internet. En wy komme by mekoar yn de van der Wyk-famylje. Wy koene mekoar dus moai wat fierder helpe.

No blykt dat dizze Hielke famylje is fan Bareld Hoogsteen, mar ek fan Christa fan de Tille, wêr't ik it yn it foarige Roots-stukje oer hân ha. Ik hearde dat Christa omraak oandacht krige hat yn 'e winkel C1000 om't hja net allinne yn ROOTS neamd wurde, mar ek op 'e foto stie yn dy selde krante, mei in priis yn in winkel-aksje yn Droegeham. Alle trije binne dus famylje fan mekoar.

'k Sil no probearje dat allegearre wat better út te lizzen.

Hielke (1931-) is in soan fan Hielke Hielkes Klaver (1903-1983) en Pietsje van der Wal (1904-2000). Dizze lêste Hielke wie in soan fan Hielke Ruurds Klaver (1849-1937) en Aaltsje Jans de Boer (1856-1946). Dizze minsken hienen ek in âldere dochter Tetsje Hielkes Klaver (1882-1956) dy't troud wie mei Gaele Jans Atsma (1861-1932). Gaele en Tetsje hienen in soan Jan Gaeles Atsma (1908-1988) dy't troud wie mei Hindrikje Bijlsma (1908-1970) en harren dochter Tietsje Jans

Atsma (1929-) is troud mei Jan Dictus Benedictus (1928-). Dizze lêste minsken binne de pake en beppe fan Christa van der Veer út Koatstertille.

Hoe't Bareld famylje is fan Christa ha ik al earder útlein yn ROOTS. Mar hoe binne Hielke, Christa en Bareld alle trije famylje fan mekoar?

It liket mei it maklikst ta om it sa te sizzen:

Tietsje Jans Atsma (1929-) frou fan Jan Benedictus hie 2 beppen: de iene wie Tetsje Hielkes Klaver (1882-1956) en troud mei Gaele Atsma. Dizze Tetsje hie in broer Hielke (1903-1983) dy't troud wie mei Pietsje van der Wal (1904-2000), en sy ha in soan Hielke (1931-) dy't troud is mei Inge, en dizze minsken wenje yn Portland, California. Fia de 'van der Wal' famylje is dizze lêste Hielke dus in neef fan Wietze Kooistra (syn mem wie Harmke van de Wal) dy't troud is mei Pietsje Hellingwerf út de Rottefalle. Dat binne freonen fan ús.

Tietsje har oare beppe wie Tietsje Willems Hoogsteen (1874-1952) troud mei Tseard Bijlsma (1872-1930). Dizze Tietsje wie in suster fan Bareld Willems Hoogsteen (1864-1939) dy't troud wie mei Antje Tjipkes van der Velde (1869-1952). Dizze minsken wienen de pake en beppe fan Bareld Hoogsteen, dy't troud is mei Jeltsje Benedictus, suster fan Jan Benedictus, de man fan Tietsje Atsma.

As jo it op in soarte skema sette op papier, kloppet is allegearre wol aardich, mar maklik is't net. It is in hiele tizeboel somtiden. 'k Ha noch in pear oare stukjes op 'e priemmen sitten. En ... alle 72 stukjes steane no ek op myn website. Dêr hat Peter Bruining fan 't Fean foar soarge.

Jelle yn Kanada