OP ZOEK NAAR ROOTS - 70


"Nea wer sil ik dat ferjitte, 't Bliuwt my myn hiele libben by." en ...

" Wat ha'k doe in bulte leard..."

Dizze rigels sjongt Ritske Numan yn ien fan syn lietsjes oer de âlde Dwersfeart yn Drachten op in CD dêr't ik wolris nei lústerje yn myn truckje. Der barre dingen yn't libben dy't ús in protte leare. Soms jout de Heare ús klappen yn it libben mei Syn iene hân, mar hast tagelyk slacht Hy Syn oare earm om ús hinne om ús te treasten. De katechismus seit it hiel moai yn fraach en antwurd 27. Yn 1978 rieden in pear jonges dy't wat tefolle bier han hienen, midden op de dei, boppe op ús auto dy't bestjoerd wurde troch ús âldste soan Henry, op wei nei tsjerke. Dizze kreaze jonge fan 20 wie op slach dea. De Heare hie syn fernijend wurk yn him al dien. Dat wisten wy as âlden. Dat hie Henry ús ferteld, in pear wiken foar syn dea. Dat wie wol in grutte treast letter. Mar de slach wie hiel fûl foar ús. Dat liichde der net om! Foaral myn frou is troch de djipte gien. Memmen belibje sokke klappen oars en djipper, tink ik wolris!. Dit barren "bliuwt ek ús ús hiele libben by". Gelokkich kin wy der no rêstich oer prate, en it docht net mear sa sear as foarhinne. Wy kin no ek oaren better helpe en treaste. (2 Kor.1:4)

Ik siet hjir oan te tinken doe't ik in brief krige mei wat fragen en gegevens fan Martsje Jonker-Zwaagstra út Alberta, Canada. Dy wennet wol fjouwer tûzend km. by ús wei. Martsje is in folle nicht fan Annie de Jong-Bergsma fan 't Fean, en dus ek fan Marten Bergsma dy't yn 1944 deasketten waard troch de Dútsers tiidens in razzia yn Droegeham. Marten wie noch mar 21 jier âld! Samar, op slach hjir wei! Ik ha wol gauris tocht oan syn heit en mem, Jehannes en Jitske Bergsma, buorren fan myn pake en beppe, op 'e hoeke fan de Boskwei en de Drifte, ûnder Droegeham. Wy koenen dizze minsken wol aardich goed en ik ha as jonkje ek wol ris by harren yn 'e hûs west. Wat sil dat ek in ôfgryslike slach west ha foar dy minsken! Dat is eins mei gjin penne te beskriuwen. Soks giet jo hiel djip troch jo hert en siel, "Dat bliuwt jo jins hiele libben by". Dat set in stimpel op jins libben. No werom nei Martsje. Ik ha al in pear kear mei har praat oer de tillefoan. Martsje is yn 1952 al nei Canada gien en hat noch nea werom west! Mar dat sil feroarje! Sy hat no plannen om yn't foarjier fan 2002 nei de Hamsherne te reizgjen. Dêr is sy berne yn maaie 1940 en dat is dus 'it stee wêr't har widze stie', lykas Ritske sjongt.

Ik hie al hiel wat yn de kompjûter oer Martsje har famylje, ek al om't de Bergsma's fiere famylje binne fan de Hamstra's, myn mem har famylje.

Martsje is in dochter fan Albert Zwaagstra (1905-1991) en Pietje Adema (1908-1990). Dizze Pietje wie in dochter fan Jan Willems Adema (1872-1950) dy't yn Sumar wenne hat mei syn frou Joukje Teijes de Jong (1874-1954). Albert wie in soan fan Anne Zwaagstra (1868-1936) en Martsje de Vries (1876-1907), dochter fan Sjouke de Vries (1840-1918) en Jitske Siegers Bergsma (1849-1881). Dizze Sjouke hie in broer Jisk (1847-1939) dy't troude mei de widdo Bontje Bosma (1851-1928) skoanmem fan Jehannes Alles Kramer (1882-) fan 't Fean. Anne wie in soan fan Albert Zwaagstra (1837-1914) en Janke Dijkstra (1835-1908) en Albert wie in soan fan Anne Zwaagstra (1811-1882) en Freerkje van Assen (1812-1865).

'k Hie it niiskrekt oer Jehannes Bergsma (1887-1947) en Jitske Zwaagstra (1898-1984). Dizze Jehannes is fiere famylje fan Jitske Siegers Bergsma dy't ik krektlyn neamde. Syn frou Jitske Zwaagstra wie in suster fan Martsje har heit Albert Zwaagstra (1905-1991).

Jehannes Bergsma syn heit Roel Harms Bergsma (1859-), hie in suster Aukje Harms Bergsma (1863-1949) dy't troud wie mei Jan Jelles Hamstra (1860-1945).

Dizze Jan Hamstra wie in broer fan myn oerpake Pieter Jelles Hamstra (1849-1888) dy't troud wie mei Aaltsje Jehannes Kramer (1845-1928). Martsje Jonker wol hiel graach in protte witte oer har famylje fan har heit syn side, mar ek fan har memmekant! Wa kin har helpe?

Jelle yn Kanada