OP ZOEK NAAR ROOTS - 68


Wy ha Evert Riekeles Borger fûn! In pear stukjes lyn ha ik it oer de fam. Borger hân, en doe ha ik ferteld dat ik net útfine koe wêr as Evert Borger bedarre wie. Ik wist dat hy by it Ned. Spoar wurke hie en dat hy yn 1924 nei Zandberg yn Drinte oerpleatst wie. En dêr rûn myn spoar dea.

Mar it kin somtiden frjemd rinne yn it libben. Ús jongste soan Milton studearret oan de universiteit fan Toronto en sit middenyn syn doktor's stúdzje yn Middelieuske Tsjerke Skiednis. Hy fûn op in dei de namme Riekele Borger, skynber in hiel gelearde man, dy't wol swiere boeken skreaun hat en professor yn de âlde talen fan de Bibel en fan Mesopothamië west hat oan de universiteit fan Göttlingen yn Dútslân. Dy selde wyks krige ik in e-mail fan Anna Veenstra-Borger út Droegeham. En ... dy hie de júste gegevens oer myn Evert Borger en oer syn soan Riekele! En sy wist noch folle mear. Ik wie dêr geweldich mei ynnaam fansels. Sûnt dy tiid ha Anna en ik al ferskate e-mailtjes nei mekoar tastjoerd.

Anna fertelde dat Evert Borger troud wie mei Sietske de Boer út Bûtenpost. Fierder wit ik dêr neat oer. Sy krigen ien soan, lytse Riekele, berne yn 1929, yn Wieuwerd. Dat wie in hiel begaafd jonkje! Letter gie it gesintsje nei Leiden en dêr is Evert ferûngelokke by it Spoar yn 1956.

Harren jonge, Riekele, studearre oan ferskillende universiteiten, lyk as Leiden, Göttlingen en Wenen. Hy wurde Doktor yn 'de Semitische Letteren', en wurde letter professor. Dat spul stiet wol op it internet. Hy is no mei emeritaat en hy wie troud mar hat gjin bern. Anna wist dat allegearre en hat dy gegevens dus troch jûn oan my, en no mei ik se troch jaan oan oaren.

En no blykt dat Anna en ik beide famylje binne fan Evert en dus ek fan Dr. Riekele, en ek dat Anna en ik fiere famylje binne fan mekoar.

Lit my begjinne mei Dr. Riekele Borger. Hy is berne in 1929 yn Wieuwerd, as ienichst bern fan Evert Borger (1895-1956) en Sietske de Boer (berne yn Bûtenpost-stoarn yn 2000 yn Leiden). Evert wie in soan fan Riekele Everts Borger (1861-1933) en Trijntje Sierks Franken (1868-1899).

Dizze Trijntje hie in suster Hiltje Sierks Franken (1878-1948) dy't troud wie mei Rinze Kooistra (1875-1946), en dat wienen myn pake en beppe. Myn heit Hendrik (1906-1994) wie dus in folle neef fan Evert, en dat makket dat Dr. Riekele Borger en ik efterneven binne.

No werom nei Riekele Everts Borger (1861-1933). Dat wie in soan fan Evert Johannes Borger (1824-1909) en Martzen Heerkes Witteveen (1829-1909). Der wienen mear bern yn dat gesin (wol 9), û.o. Hendrik Everts Borger (1865-1941) dy't troud wie mei Betje Siebes Bos (1867-1948), dochter fan Siebe Oedzes Bos (1841-1919) en Doedina Wiemers Hoeksma (1840-1896). Hendrik en Betje, dy't beide berne wienen op 't Fean en ferstoarn binne yn Harkema, hienen in protte bern (wol 13) en ien dêrfan wie Siebe Hendrks Borger (1891-) dy't troude mei Geeske Andries Boomsma (1900-), dochter fan Andries Tjeerds Boomsma (1865-) en Geertje Mientes Stienstra (1865-). Dizze Geeske is fiere famylje fan dy Jan Boomsma dy't dat famke rêde út de Drachtster Feart sa'n 50 jier lyn. Dêr ha ik al ris earder wat oer ferteld. Siebe en Geeske krigen in soan Hendrik Siebes Boomsma (1919-1978) dy't troude mei Hiske Mekkes van Doezem (1918-1996), en dy hienen in dochter Anna (1941-) dy't troud is mei Wopke Wiebrens Veenstra (1937-) en dizze minsken wenje yn Droegeham. En dat is de Anna dy't my holpen hat mei dit Borger-spul.

En sa binne Anna Veenstra-Borger en Dr. Riekele Borger dus fiere famylje: Dr. Riekele syn heit Evert wie in neef fan Siebe Hendriks Borger, de pake fan Anna.

Ik fûn it ynteressant dat ús soan Milton, dus ek fiere famylje fan de Borger's, ek studearret yn min ofte mear deselde dingen, lykas syn fiere efter-efter neef Dr. Riekele Borger. Oft se mekoar ea moetsje sille is no noch in fraach. Beide stamme se ôf fan âlde Sierk Kornelis Franken (1833-1902) en Loltsje Dictus Benedictus (1838-1909).

Jelle yn Kanada