OP ZOEK NAAR ROOTS - 62


Âlden krije somtiids grutter rûzje dan de bern wêr't de heibel mei begûn. Dêr siet ik oan te tinken doe't my in foarfal yn't sin kaam dat krekt nei de oarloch, yn 'e winter, bard is. In jonge fan sa'n 12, 13 jier wurde troch in oare jonge oantreaun op it iis, hy klapte del en krige in beste wûne yn syn kin. Bliede fansels. Gau nei hûs, dêr fluch it ferhaal fertelle, mem die der gau in kâlde doek op, heit wurde lilk en rûn fuort nei't iis en dy oare jonge foar 't ferhoar. Dy joech ta dat hy it spul feroarsake hie en doe krige hy in beste trewinkel fan dy lilke heit. Doe fleach dy jonge nei syn hûs en fertelde dêr wat him oerkaam wie. Doe gong dy heit 'op hoge benen' nei de oare heit dy't al wer drok oan 't wurk wie. Alle bern der op ôf! En dêr begûn dy twadde heit fan 't boppeste buordsje de earste heit it leksum te lêzen. Dy bleau hiel kalm en sei neat. Mar dy oare heit ketterminte mar troch. Doe kaam de mem fan de jonge mei it seare kin der ek by en sy hâlde har net stil. Sy gie tsjin dy tjirgjende heit yn en sei: 'Man, jo moatte ophâlde mei jo geraas, skamje jo, jo lykje de duvel wol. Mar ik sis jo dat ik net bang bin foar jo, rekkenje dêr mar op.' It andert fan de lilke heit wie: 'Asto foar de duvel net bang bist, dan bin ik foar de satan net bang!' Har rappe antwurd wie: 'Man, no ha ik noch nea witten dat der twa wienen!' En dêrmei hâlde dy heibel op. De man gie wer nei syn eigen hûs. De rêst kaam wer, en de oare deis boarten de jonges wer. Krekt neidat de man fuort gien wie, sei dizze frou tsjin har man: 'Wêrom seidest dû neat werom doe't dy kearel sa oan it rachen en skellen wie? Do diest neat werom!' Syn antwurd wie: 'Ik tocht oan wat de Bibel seit: 'Antwurdzje de dwaas net neffens syn dwaasheid'. De man út de Spreuken hie wol gelyk, tink ik.

Lêstendeis siet ik te tinken oan in hiel oar gesin by ús yn 'e tsjerke. Bêste minsken. Harren âldste soan sit mei my yn 'e tsjerkeried as âlderling. Syn namme is Koop Mulder (1954-) en hy is in stille, rêstiche man, mar hy lústert goed. Syn âlden binne Eastermarders: Sieger Mulder (1933-) en Fokje de Jong (1935-). Der sitte noch mear bern fan dy de Jong-famylje yn Canada, lyk as in broer Gerrit (1918-) en in oare broer Wiebe (1922-) en ek in suster Sietske (1929-1992) dy't al ferstoarn is. Fokje en Sietske hienen beide in grutte húshâlding fan om-ende-by 12 bern. Jonge Koop syn pake wie Koop Hendriks Mulder (1892-1974) en syn beppe wie Trijntje Siegers Zijlstra (1891-1979). Trijntje har âlden wienen Sieger Petrus Zijlstra (1865-1938) en Johanna Iedema (1867-1949). Sieger wie in soan fan Petrus Zijlstra (1828-1873) en Roelofke Oebeles van der Veer (1838-1922). Dizze Petrus wie in soan fan Sieger Ates Zijlstra (1783-1861) en Maaike Atzes van der Veer (1785-1857), en Petrus hie in broer Ate Siegers Zijlstra (1828-1873) dy't troud wie mei Antje Alberts van Bruggen (1811-1887). Wat my op foel is dat wy ek yn dizze famylje útkomme troch in suster fan myn oer-beppe Romkje Kornelis Buursma (1841-1929). Dy suster hiet Aafke Kornelis Buursma (1851-1946) en dy wie troud mei Tamme Ates Oosterhof (1843-1937). Harren dochter Minke Oosterhof (1878-1935) wie troud mei Ate Alberts Zijlstra (1876-1937), en hy wie in broer fan Rypke Alberts Zijlstra (1876-1947) de foarfaar fan Hidzer Sietzema (1940-) dy't op Koartwâld berne is. Sa is Anneke Oosterhof, frou fan Ties Mulder út Houtigehage, ek famylje. Sy is in dochter fan Ate Tammes Oosterhof en Gooitske Bijma.
In jier of wat lyn trof ik Atje Zijlstra (1927-) yn in tsjerke yn Burlington yn Ontario. Dêr geane sy en har man Tjipke Cnossen al jierren hinne. Sy binne dit foarjier 50 jier troud. Atje fertelde my dat sy it ZIJLSTRA-boek hie en dat ha ik letter brûkt foar in protte fan de nammen dy't ik no beskriuw. Dêr fûn ik ek dy gegevens oer Mulder en oer ús famylje-ferbân oan de Oosterhof-famylje fan 't Wytfean. Atje har âlden wennen froeger yn Surhuzum net sa mâle fier fan de poel fan Hendrik van Schepen ôf. Dat wienen Ate Rypkes Zijlstra (1904-1977) en Durkje Klazes Pool (1905-1979). No wit ik einlings werom as myn tante Lol as jongfaam by Ate en Minke tsjinne. Dat wie ommers fiere famylje.

Jelle yn Kanada