OP ZOEK NAAR ROOTS - 54


Bepaalde bylden út myn bernejierren bin hiel dúdlik bleaun yn myn ûnthâld. Sa siet ik fan 'e wike te tinken oan âlde Bonne van Schepen, de pake fan myn freon Lippe de Haan. Ik wit noch hiel skoan dat Lippe en ik yn't begjin fan de oarloch in kear tegearre fan de Warreboskleane op 't Fean, wêr't wy beide wennen, al hielendal nei âlde pake Bonne stapt binne. Wy wienen om ende by de njoggen of tsien jier âld. Wy rûnen de Achterwei lâns, kamen by de mûne lâns en troch Koartwâld hinne, stapten Haaye Pietersma syn hûs foarby en ek it hûs wêr't Dútse soldaten yn sieten. Fuort dernei kamen wy Café Piersma foarby en efkes letter moasten wy rjochts ôfslaan, in sân reed yn en in ein it lân yn, en dêr wenne âlde Bonne van Schepen. Wat my noch hiel dúdlik foar de geest stiet is syn broek. Hy wie noch al in swiere man en ik wit hjoed de dei noch skoan dat ik as jonkje tocht dat dizze pake in bytsje in frjemde broek oan hie. Der siet nammentlik gjin gulp yn dy broek. Jonkjes brûkten altiid in gulp en ek wol gauris ien fan de broekspipen. Mar dit wie wat in riedsel foar my. 'k Ha neat sein fansels, mar it wie wol wat frjemd yn myn eagen. It wie sa'n broek mei in grutte flappe dy't fêst siet mei wat knopen yn de siden. Letter hie ik wol troch hoe as dat gie, mar doe noch net. Jierren letter ha ik âlde Bonne wol ris sitten sjoen foar it hûs fan syn soan dy't by de Surhúzumer poel wenne, net iens sa fier fan dy sânreed ôf wêr't hy froeger yn syn eigen hûs wenne. Doe't Lippe en ik dêr by him wienen wie hy om ende by de santich jier. Hiel âld in myn eagen. En ... no geane wy sels dy kant ek al moai út. Soene bern ús ek sa âld fine? Ik ha noch gjin flapbroek oan, mar wol in spikerbroek soms. Siet it him soms yn 'e klean?

In pear jier lyn bin ik in middei op besite west by Lippe syn mem Tjitske, in dochter fan dizze Bonne van Schepen. Sy wennet in Owen Sound, Ontario. 'k Hie har yn gjin tritich jier sjoen. Wy wenje wol 700 km. fan har ôf, mar kamen dêr lâns op ús fekânsje-reis. Sy is yn desimber 90 jier wurden en is noch hiel hecht foar har leeftyd.

Ik ha hiel wat gegevens oer de van Schepen famylje yn de kompjûter en wol dizze kear dêr wat fan troch jaan, en it ferbine mei in takke fan de Hoeksma famylje op 't Fean. Ferskate famyljes komme út by de van Schepen's, lyk as Marten Haijema út Assen, in pakesizzer fan Bonne van Schepen, fia syn mem Antje van Schepen (1900-1968); dan master Ate Tjoelker fia syn frou Aaltje Klazinga (1892-), dochter fan Ybeltje van Schepen (1863-1900) en Nanne Klazinga (1859-1920); en Kees Bijma (1894-1984) en syn frou Jitske Brands Bijma (1895-1934) fia har mem Ynje Minzes Dijkstra (1858-1938), dochter fan Jitske Geerts van Schepen (1828-1916) en har man Minze Durks Dijkstra (1825-1899); en dan noch Tjitske Hielema út Grypskerk, dochter fan Pieter Hielema (1903-1992) en Riemkje Geerts van Schepen (1903-1996). Dizze Riemkje hat my jierren lyn al ris wat gegevens stjûrd.

Ik nim de famylje Hoeksma om't ik al in moai skoftke e-mail kontakt ha mei Mattie Bruining-Hoeksma op 't Fean. Dat kontakt is begûn doe't ik in stukje skreaun ha yn de Feanster oer de Bruining's. Sûnt dy tiid ha ik mear gegevens krige oer dy famylje, mar ek oer de Hoeksma's.
Dizze kear dan it ferbân tusken âlde Bonne van Schepen en Mattie Hoeksma. Ik begjin mei Lippe de Haan (1933-), soan fan Tjitske van Schepen (1910-) dy't troud wie mei Lippe Catharinus de Haan (1905-1966). Dizze húshâlding is yn it begjin fan de fyftiger jierren nei Canada gien. Tjitske is dus in dochter fan Bonne van Schepen (1871-1963) en Stientje Hendriks Knoop (1874-1937). Bonne wie in soan fan Hendrik Geerts van Schepen (1835-1891) en Antje Mients Poelstra (1841-1889). Harren dochter Roelina van Schepen (1877- ) wie troud mei Romke Fokkes Hoeksma (1868-). Harren soan Hendrik wie fytsmakker yn 'e Ham. [No wit ik ek wêrom't myn âlden wol ris praten oer bgl. Romke-Lina yn 'e Ham.] Dizze Romke wie in soan fan Fokke Johannes Hoeksma (1824-1900) en Hendrikje Romkes Laanstra (1828-1913). Fokke wie in soan fan Johannes Fokkes Hoeksma (1800-1837) en Grietje Riekeles van der Merk (1802-1876), en dizze Johannes syn âlden wienen Fokke Pieters Hoeksma (1763-1838) en Loltsje Johannes Kastje (1773-1840). Harren soan Pieter Fokkes Hoeksma (1804-1866) wie troud mei Maaike Sakes Rypma (1807-1851) en harren soan Fokke Pieters Hoeksma (1831-1904) wie troud mei Geeske Gerlofs Kootstra (1851-1924). Dizze minsken hienen in soan Jelle Fokkes Hoeksma (1882-1970) dy't troud wie mei Baukje de Graaf (1887-1966) en dy hienen in soan Louw Hoeksma (1917-1986) dy't troud wie mei Aafke Postma (1923-). Harren jongste dochter Martje (Mattie) is troud mei Jelle Bruining, en helpt lytse bern mei harren earste stapkes op 'e wei fan de kennis, op de Kristlike Basis Skoalle 'De Hoekstien' op 't Fean. Hiel belangryk wurk omdat wat jo as bern leare der eins nea wer út giet. Dêrom moat it eins fan begjin ôf oan fuort wol hiel goed dien wurde. Mattie en Lippe, mei wa't ik begûn bin, binne dus earne ferbûn troch famylje en beide binne sy by it ûnderwiis. Mattie wurket noch hiel hurd. Lippe hat learaar west oan in 'high school' yn Ontario. Hy is, lyk as ik ek al, no noflik oant weidzjen, en neat sit him mear efter.

Jelle yn Kanada