OP ZOEK NAAR ROOTS - 5


It wie altyd een goede en fêste gewoante om de bern te neamen nei pake en beppe, fen beide kanten. Dat dienen myn heit en mem ek, krekt as al dy oare famylje-leden. Om't ik de twadde jonge wie yn't gesin, waerd ik nei mem har heit, nei myn pake Jelle Hamstra neamd.

Op dy manear kaemen deselde nammen altyd werom. Yn it doarp wêr't wy no wenje yn Ontario, en wêr't ik 22 jier haad west bin fen een Kristlike skoalle, hie ik een ûnderwizer dy't de namme Heine Veerman hat. Heine wie berne op 't Fean, as soan fen Louw en Anna. Heine hie mear famylje op 't Fean, û.o. Heine van Wieren, soan fen Evert van Wieren. Dizze Evert wie een broer fen Albert Van Wieren (1902-1983) Albert wie troud mei Grietje Land (1905-1964). Dizze minsken hienen een dochter Maaike (b.1929) dy't troud wie mei Hendrik van der Sluis út Drachten.
Ik fûn lêstendeis de berte-akte fen Albert van Wieren, soan fen Atze van Wieren (1869-) en Maaike Everts Heringa(1877-). En een skoftke letter fûn ik op een oar plak de trou-akte fen Atze en Maaike, en dêr stie yn dat dizze Maaike een dochter wie fen Evert Jans Heringa (1839-) en Harmke Ringers van der Meulen (1845-1923). Neat bysûnders, miskien, foar oaren. Mar wol foar my: der gienen allegearre ljochtjes op doe 't ik de namme Ringer Geerts van der Meulen seach.

Myn frou's namme is Ali van der Meulen (b.1935) as dochter fen Wytze van der Meulen (1899-1977) en Wytske Hoekstra (1900-1967). Wytze wie een soan fen Anne van der Meulen (1872-1936) en Dieuwke Haalstra (1873-1961) ùt Westergeast/ Driesum. Anne wie een soan fen Hermanus Ringers van der Meulen(1835-1919) en Aaltje Annes de Boer(1836-1886). Dizze Hermanus wie ek een soan fen Ringer Geerts van der Meulen. Hermanus en Harmke wienen broer en suster! En dus ... binne Ali en Maaike hiel yn 'e fierte famylje fen mekoar. Sy komme by mekoar yn Ringer Geerts van der Meulen.

Mar det is noch net it hiele ferhael.

Dy Ringer Geerts van der Meulen (1805-1854) wie troud mei Trijntje Jans de Wit, ôfkomstich fen 't Fean. En de namme Trijntje Jans de Wit(1811-1903) kaem my ek hiel bekend foar. Sy wie een dochter fen Jan Linzes de Wit(1773-1815) en Antje Gooitzens Nicolai (1777-1846), dochter fen Gooitzen Pieters Nicolai(1730-1800) en Trijntje Alberts Alma (1745-1834). Antje hie ek een broer Pieter Gooitzens Nicolai(1775-1850) dy't troud wie mei Frijke Jelles Merkus (1778-1813). Dit pearke hie ek bern, û.o. Jelle Pieters Nicolai (1807-1879) dy't troud wie mei Fokje Pieters Riemersma(1813-1865). Dizze minsken hienen een soan Pieter Jelles Nicolai (1835-1903) dy't troud wie mei Hinke Gerbens Folkertsma (1832-1906). Sy hienen een soan Jelle Pieters Nicolai (1862-1902) dy't troud wie mei Trijntje van der Iest (1861-1944). Hun dochter Hinke Nicolai (1888-1918) wie troud mei myn pake Jelle Hamstra (1884-1942), wêr't ik nei neamd bin. Mar ús heit kaem ek út it selde laech, nammentlik út Pieter Gooitzens Nicolai en Frijke Jelles Merkus. Dy minsken hienen ek een dochter Trijntje (1810-1878) dy't troude mei Dictus Teyes Benedictus (1799-1870). Dy krigen û.o. een dochter Loltsje (1838-1909) dy't troude mei Sierk Kornelis Franken (1833-1902), en dat pearke krigen een dochter Hiltje Sierks Franken (1878-1948) dy't troude mei Rinze Kooistra (1875-1946), myn pake fen de Kooistra-kant.

Sa binne Ali en ik dus een bytsje famylje fen mekoar, mar ek beide fen Maaike van Wieren. Wy komme alle trije by mekoar yn Gooitzen Pieters Nicolai en Trijntje Alberts Alma. Dus allegearre famylje fen mekoar!

Der binne lju dy't sizze: as't fier genoch tobek giest den binne we allegear-re famylje fen mekoar. Det is wier fensels. Lang om let komme we allegearre by Noach út, en noch wat fierder tobek by Adam.

Der binne minsken dy't soms sizze dat pearkes dy't lang by mekoar binne, op mekoar lykje. Een âlde muoike fen myn frou sei ris: "Pearkes begjinne gelyk te tinken, gelyk te praten, en sy begjinne op mekoar te lykjen wat útdrukkingen op 't gesicht oangiet. Dat komt wierskynlik fen it oernimmen fen mekoars gedachten, útdrukkingen yn wurd en oantlit, mar miskien ek wol een bytsje om't se allegearre fen Adam ôfstamje. Ik leau soms dat ik kreazer wurden bin om't Ali sa'n kreaze faem en frou wie! Sy is dus myn gelok op mear as ien manear.

Oer twa wiken wer wat mear oer de Ham.

Jelle Kooistra