OP ZOEK NAAR ROOTS - 49


In master fan de sânde klasse fan in legere skoalle yn Abbotsford yn Brits Columbia, Canada, hie syn learlingen in oarder jûn: hja moasten allegearre in ferhaal fertelle oer it grutste barren yn harren libben. It wie it emigrante-famke Helena har bar dy dei en sy fertelde oan har klasse: "Doe't ik fiif jier âld wie en by de feart oan it boartsjen wie yn Drachten, yn Nederlân, bin ik yn'e feart fallen en omtrint ferdronken. Ik sjoch noch dúdlik de wite wetter bobbel-tsjes ûnder it wetter, en ik fiel noch hiel goed hoe bang ik wie. Ik tocht dat ik mem en heit nea wer sjen soe. En doe ynienen luts ien my by myn hier nei boppe en doe seach ik in sterke jonge mei swart hier dy't my nei him ta luts. Hy tilde my doe út it wetter en lei my feilich op 'e kant fan de feart del. Ik prûstte eefkes om't libben en fleach doe gau nei mem flak dêrby. Gelokkich wie dy jonge dêre krekt op tiid om my der út te heljen want oars wie ik fêst ferdronken. Wat wie ik bliid dat hy syn libben weagje woe om my te rêden!"

Yn myn lêste stukje 'OP ZOEK NAAR ROOTS' ha ik al ferhelle oer Jan Boomsma, dy sterke jonge fan 12 jier, dy't lytse Helena út de Drachtsterfeart helle yn 'e simmer fan '46. Jan hat dat nea wer fergetten en hat der faak oan tocht, en ek faak tocht wat soe der fan dat lytse famke kommen wêze yn't libben. Hy hat wol ris probearre om út te sykjen wêr't sy wenne, mar dat foel net mei om't sy mei har âlden nei Canada gien wie yn 1951. Jan bleau yn Nederlân, troude mei Grietje Boonstra fan de Grinzer Pein, wenne âlve jier op 't Fean, en letter ferfarden sy nei Winsum yn Grinslân wêr't hja noch wenje. In pear wiken lyn krige ik in e-mail fan him mei de fraach oft ik Helena Lindeboom ek fine koe yn Canada. Dy selde dei ha ik de kompjûter oan 't wurk set en .... de oare moarns krige ik in faks út Abbotsford fan in sekere Ray Lindeboom wêr't yn stie: "Jo ha ús fûn. Wy wennen froeger yn Drachten en Helena is myn suster en is troud en hat 2 dochters. En ... sy wie yndied dat famke yn 'e feart!" In dei letter skille Helena my op en fertelde my hoe klear en dúdlik alles altyd yn har ûnthâld bleaun wie. Sy wie dan ek hiel ferwûndert dat har rêder om har socht nei mear as 50 jier. Ek dat hy it ek nea fergetten wie. Sy tocht ek dat har heit Jan doedestiids betanke hie en him in lytse beleanning jûn hie. Sy wol Jan fêst in brief skriuwe.

Wa is Helena eins?

Sy is berne yn Drachten yn 1941 as dochter fan Michiel Lindeboom (1911-1972) en Doetje Adema (1912-1985), dochter fan Jochum Adema en Helena Elmers, dy't froeger yn Appelscha wennen. Michiel wie in soan fan Rinze Lindeboom (1879-) en Romkje van der Zee (1885-), en Rinze wie in soan fan Sipke Lindeboom (1837-1899) en Eelkje de Boer (1834-1880). Sipke wie in soan fan Pieter Sipkes Lindeboom (1803-1874) en Engeltje Altena (1797-1856). Dizze Lindeboom's kamen út de omkriten fan Drachten en Boornbergum. Romkje wie in dochter fan Michiel Bartholomeus van der Zee (1858-1947) en Tjitske Gerrits Reitsma (1855-1934), en dizze Michiel syn âlden wienen Bartholomeus Michiels van der Zee (1825-1879) en Romkje Luitzens Posthuma (1829-1897). Bartholomeus wie in soan fan Michiel Harmens van der Zee (1792-1855) en Aaltje Bartholomeus Schurer (1795-1831) en dizze Aaltje wie in dochter fan Bartholomeus Johannes Schurer (1740-) en Lolkje Luitzens van der Meulen (1772-1821). En no tink ik dat Bartholomeus in broer Jacobus hie (1750-1804) dy't troud wie mei Janke Klazes, en dizze Jacobus en Janke hienen yn elts gefal 5 bern. Ien dêrfan wie Bartholomeus Jacobus Schurer ( 1792-1888), de 'skoalmaster' fan 't Fean. Hy wie troud mei Elizabeth Theunis Rinzema (1794-1855) en dit pearke hie wol 8 bern. Ien dêrfan wie Theunis Bartholomeus Schurer (1832-1919), de goud- en sulversmid fan 't Fean, dy't troud wie mei Martha Hansma (1838-1926). Sy hienen ek 8 bern, en ien dêrfan wie Reitze Arnoldus Schurer (1872-1929) dy't troud wie mei Renske Buruma (-1949) en dy hienen 3 bern. Reitze wie froeger bakker op 't Fean. Harren iene soan Theunis Bartholomeus Schurer (1912-1993) hat myn hier wol gauris knipt froeger yn syn kapper's saak tsjinoer de Feanster toer. Hy wie troud mei Rika Nienhuis en letter mei myn tante Dora Scholte-Hamstra, suster fan myn mem. Tante Dora wennet noch op 't Fean. Sa is dit ferhaal ek wer klear en .... sa komme Helena en ik dochs noch mei in protte rûnwegen by mekoar as famylje, en wy wenje beide yn Canada, mar mear as 3000 km. út mekoar.

Jelle yn Kanada