OP ZOEK NAAR ROOTS - 48


De lêste twa jier ha ik in protte fragen krigen oer famyljes dy't ik neamd ha in myn stukjes 'OP ZOEK NAAR ROOTS' en dy't eltse twa wiken yn 'e FEANSTER krante ferskine. Sa ha ik hiel wat nije kontakten op dien. In dei of wat lyn krige ik in fraach dy't in bytsje oars wie as foarhinne, mar dy't fuortendaliks myn folle ynteresse hie. Hy kaam út Grinslân mar de minsken hienen froeger 11 jier op 't Fean wenne. Dat binne Jan Boomsma en syn frou Griet Boonstra dy't út Grinzer Pein komt. Jan skreau yn syn e-mail: Krekt nei de oarloch, it wie yn 'e simmer en ik wenne yn Drachten, doe ha ik wat meimakke dat ik nea fergetten ha. Ik wie ûnge-fear 10 jier âld en ik rûn fan skoalle nei ús hûs oan de Passchier Bollemanwei by de Drachtster Feart lâns. ûnferwachts seach ik flak by hûs wat bewegen yn it wetter. Ik stapte wat tichter by en gie in bytsje yn de ûnderwâl flak by it wetter stean en seach doe dat der krekt efter it reid it ien of oare yn't wetter beweegde. Doe seach ik ynienen dat it in berntsje wie dat oan't ferdrinken ta wie. Hja gie wer ûnder, kaam fuort wer boppe, mar gie ek wer ûnder wetter, en doe baaide ik rimpen wat fierder de feart yn en koe har noch krekt by har hier pakke. Op dy manear koe ik har nei de wâl ta lûke, har beet pakke en har út de feart helje. Doe't sy der út wie en dêr lei, kaam sy al gau wer by, prûste om't libben, en gie stean en rûn hiel fluch nei har hûs ta dat flakby wie. It blyk myn buor-famke te wêzen. Sy wie sa'n 4 à 5 jier âld. In pear jier letter is sy nei Canada gien mei har âlden en broer en suske. Ik wie doedestiids noch te jong om alles te beseffen wat it eins betsjutte om ien út it wetter te heljen en foar fer-drinken te bewarjen, mar ik ha der letter wol faak ris oan tocht. Ik ha nea wer wat heard, it libben gie fierder, en no is't al sa'n dikke 50 jier letter. No woe ik hiel graach witte hoe it letter gien is mei dat famke en oft sy dat ek noch wit. Mar ik kin har net fine. 'k Ha al fan alles probearre. Soenen jo ús ek helpe kinne om út te sykjen wat er mei har en har famylje bard is yn Canada.

Dat wie dus wol wat in oar fersyk as wat ik yn 'e regel krij. Mar ik tocht ik sil it probearje. En it is slagge! Ik ha al mei har praat! En sy wit it noch skoan en hat it faak oan oaren ferteld hoe't sy froeger as lyts famke rêdt wie troch in buorjonge. Yn myn folgjende stukje skriuw ik mear oer har. Dizze kear earst mar ris sjen hoe't Jan en ik, en ek Griet en ik, by mekoar komme. Earst Jan mar.

Jan Boomsma (1936-) is in soan fan Bauke Boomsma (1910-) en Trijntje Hoekstra (1940-), en Bauke wie in soan fan Jan Boomsma (1881-) en Johanna Aardema (1885-).

Dizze Jan wie in soan fan Siebe Boomsma (1853-1935) en Tietje van der Bij (1845-1888), en Siebe wie in soan fan Jan Boomsma (1811-1887) en Johanna Plomp (1822-1909). Dizze Jan wie in soan fan Siebe Boomsma (1783-1873) en Froukje van der Wal (1788-1870) en Siebe en Froukje hienen in dochter Geertje Boomsma (1827-1905) dy't troud wie mei Pieter Leiker (1824-1870). Dizze Leiker's hienen in dochter Antje Leiker (1849-) dy't troud wie mei Bareld Barelds de Jong (1846-). Dizze Bareld wie in soan fan Bareld (1824-1909) en Antje Witteveen (1822-1867) en dizze Bareld wie wer in soan fan Bareld de Jong (1801-1857) en Trijntje Hoekstra (1800-1872). Bareld wie in soan fan Bareld (1767-1840) en Jitske Gerbens (1765-1845). Harren dochter Antje de Jong (1799-1886) wie troud mei Andries van der Wijk (1792-1882) en harren soan Andries van der Wijk (1842-1868) wie troud mei Romkje Buursma (1841-1929). Romkje troude foar de twadde kear mei Hendrik Kooistra (1847-1917) en harren soan Rinze Kooistra (1875-1946) en Hiltje Franken (1878-1948) krigen in soan Hendrik Kooistra (1906-1994) dy't de heit wie fan my. En sa komme Jan en Jelle by mekoar.

It giet in hiel oar paad lâns mei Grietje en Jelle.

Grietje Boonstra (1942-) is in dochter fan Klaas Boonstra (1915-) en Helena de Haan (1920-), en Klaas wie in soan fan Wiebe Boonstra (1887-) en syn frou Maria Langehanenberg. Wiebe wie in soan fan Klaas Boonstra (1851-) en Aafke de Jong, en Klaas wie in soan fan Luitzen Boonstra (1824-) en Anna Klazes Kamminga(1823-). Luitzen wie in soan fan Sjoerd Boonstra (1792-) en Hiltje van der Brug (1796-). Dizze Sjoerd en Hiltje hienen ek in soan Feike (1820-) dy't troude mei Sipkje Durks van Dellen (1818-) Dizze minsken hienen in dochter Hiltje (1850-) dy't de twadde frou wurde fan Roel Rienks Poelstra (1840-1901). Roel en Hiltje hienen in dochter Froukje (1881-) dy't troude mei Leffert van der Meer (1883-). Leffert syn broer Anne van der Meer (1889-1973) troude mei Lutske Kooistra (1888-1960). Dizze Lutske wie in dochter fan Wierd Kooistra (1855-1915) en Anna Veenstra (1865-1937). Wierd wie in soan fan Rinze Kooistra (1819-1863) en Loltje van der Heide (1825-1886) en dy hienen ek in soan Hendrik Kooistra (1847-1917) dy't troude mei Romkje Buursma (1841-1929). De rest is niiskrekt al útlein by Jan Boomsma. Yn it folgjende stukje hoopje ik mear te fertellen oer dat famke dat út de feart helle wurde troch dizze noch sa jonge, mar hiel kranige Jan Boomsma.

Jelle yn Kanada