OP ZOEK NAAR ROOTS - 43


In skoftke lyn wurden myn frou en ik frege oft wy wat dingen regelje woenen foar in reisgroep fan Fryske senioaren dy't in pear wiken yn Ontario troch bringe soenen en ek graach in dei yn Williamsburg wêze woenen. Dat gie út fan 'In de Voetsporen' en dizze groep stie ûnder lieding fan Jaap Mulder út Burgum. Wy namen dat oan en hienen wat âlde Friezen opskille en wy hienen ek op ús tsjerkebledsje set dat der besite komme soe op Freed, de 30ste juny, yn ús tsjerkelokaal. Wy hienen de lyst fan de reizgers sjoen en dêr stienen in pear nammen op dy't wol wat bekend wienen: Lindeboom, Langhout, Smedes, en noch in pear oaren. De sinne skynde moai doe't om tsien oere moarns de grutte, glimmende bus it tsjerkeplein opswaaide. It wie al gau in gekeakel fan je heisa, en al gau wienen wy wat yn 'e kunde. Earst kofje mei wat lekkere koeke spullen der by, en doe ha in oare âld-Hollander en ik om bar wat ferteld oer de muoiten, tsjinstuiten en wat foar-faltsjes yn't begjin fan de emigranten, oer harren libben hjirre hjoed-de-dei, en ek oer de tsjerken en de Kristlike skoallen. It wie al 12 oere doe't wy klear wienen mei praten en it beäntwurdzjen fan wat fragen. Doe mei mekoar lekker ite en fuort dernei sette de hear Bruinsma út Lollum it oargel oan en ha wy mei mekoar wat bekende psalmen song en ek it Jûnsliet.

Wat is der wat ôf praat yn in koart skoftke tiid. Ali, myn frou, trof minsken út Niawier, flak by Dokkum, dy't har broer Anne hiel goed kend hienen, en sy hat it hûndert út praat mei de Lindeboom's út Smellinger Pein, dy't har suster Jettie hiel goed koenen. Ek trof sy in frou dy't in âld ferpleechster goed koe, dy't froeger mei Ali yn it sikehûs yn Drachten wurke hie.

Der wiene ek minsken by dy't bekend wienen mei myn stukjes yn 'e Feanster. De hear A. Hospes en syn frou, dy't yn Aldegea wenje, fertelden my dat sy myn âld freon Evert de Vries út Drachten hiel goed kenne. Frou Hospes komt út de Parken wêr't Evert ek wei komt. De frou fan dy organist Bruinsma is in dochter fan master Langhout út Aldegea, en sy en ik ha op de selde kweekskoalle gien yn Drachten. En Lindeboom syn frou, Imkje van der Vaart hie mei myn skoansuster Boukje Storteboom, frou fan myn broer Rinze, yn Doezum op de Kristlike skoalle gien.
En sa ha wy mei mekoar in kostlike tiid hân. De tiid fleach foarby. Der wie fuortdaliks in bân, ek geastlik, en alle minsken sprutsen harren lof út oer dizze pear moaie oerkes mei mekoar.

Ik hie de Lindeboom's efkes polske oer syn foarâlden om't ik hiel wat Lindeboom's yn de kompjûter ha. 'k Skriuw yn 'e regel fuort daliks wat nammen op in fodsje papier. Letter thús ha ik dat fuort nei sjoen, en ja hjêr, it wie klear. Wy binne sels noch in bytsje famylje, mar wol mei in lange omwei. De namme Lindeboom docht my altyd tinken oan de beide frijgeselle bruorren oan de wei fan de Kompenije nei Houtigehage. Dêr buorken froeger twa Lindeboom's, Wietze en Atze, en dêr hat myn mem froeger in skoftke tsjinne as faam of húshâldster. It wie in best plak foar mem. Mar wat ik nea fergetten ha wie dit foarfaltsje wat mem my al ris ferteld hat: de beide mannen wienen altyd hiel foarsichtich mei nij folk yn 'e hûs. Doe't mem op in kear wat oan it skjinmeitsjen wie, fûn sy in muntstukje ûnder de matte. Letter fûn sy in kwartsje ûnder in kleed. Mem hie al gau yn 'e gaten wêr't it om gie. Sokke dingen wurden wol mear dien om út te finen oft it wol earlik folk wie. Sy sei tsjin de mannen: 'No ha ik al in pear kear wat lytsjild ûnder de matte of it kleed fûn en ik tink dat ik wol wit werom it dêr leit. As it wer bart, is't fan my'. De mannen joegen ta dat sy efkes witte woenen oft it wol fertroud wie. Dat wie dus wol goed. Mem hie it dêr best en krige in moai presintsje fan de mannen doe't sy troude mei heit.

Willem Lindeboom (1932-) út 'e Pein is in soan fan Gjalt Lindeboom en Mina Tabak, dochter fan Willem Tabak en Jeltje Zeldenrust. Gjalt Lindeboom wie in soan fan Wiebe Lindeboom en Trijntje Melles Pool. Dizze Wiebe wie in soan fan Gjalt Sipkes Lindeboom (1817-1903) dy't twa kear troud west hat. Earst mei Jeltje van der Gaast yn 1852, en letter mei Renske Postma (1845-1922), dochter fan Atze Sjoerds Postma (1820-1912) en Wietske Halbes Scheper (1811-1887). Atze wie in soan fan Sjoerd Wiegers Postma (1785-1866) en Hiltje Gerkes Huisma (1794-1869). Dizze Wiebe Lindeboom wie in soan fan Sipke Gjalts Lindeboom en Gertje Pieters Wallinga.

Dy Atze Sjoerds Postma hie ek in broer Tsjidsger Sjoerds Postma (1823-1889) dy't troud wie mei Jeltje van der Lei (1829-1896). Harren soan Atze Tsjidsger Postma (1862-1925) wie troud mei Annegien Hendriks Kielstra (1865-) en sy hienen in soan Sjoerd Atzes Postma (1898-1977) dy't troud wie mei Romkje Johannes Laanstra (1898-1980). Dat wienen Sjoerd en Romk foar ús, want Romkje wie in efternicht fan myn heit. Har heit wie Johannes Geerts Laanstra (1875-1915) en har mem wie Janke Hendriks Kooistra (1877-1933), suster fan Rinze Hendriks Kooistra (1875-1946) dy't myn pake wie. Sa komme Willem Lindeboom fan 'e Pein en ik bei mekoar, en wy troffen mekoar foar't earst yn Williamsburg, Canada. 't Kin frjemd rinne yn't libben.

Jelle yn Kanada