OP ZOEK NAAR ROOTS - 37


Doe't de earste drôven fan emigranten út Nederlân hjir yn Canada oankamen rûn de fyftiger jierren, wie dat foar de measten in grutte feroaring. Der wienen in protte dingen dy't se nea sjoen of brûkt hienen. Ien fan de dingen wie in eigen auto. Dêr koe men net sûnder hjirre. En de earme emigranten koenen earst allinne mar in âld gefal keapje fansels. Doe't wy it Fean efter ús lieten yn 1953 wienen dêre noch gjin 20 auto's, wol ik leauwe. Dat is letter ek hurd feroare.

Wy wurken op in grutte grientekwekerij yn Holland Marsh, in oerke boppe Toronto, en dêr wie alles like flak as yn Fryslân. Fjilden mei slaad, woartels, jirpels, en sipels, hâlden ús drok oant wurk. It wienen allegearre Hollânske emigranten dêre en sy wienen allegearre like earm. De measten kochten al gau harren earste âlde auto en in protte hienen net iens in rydbewiis, hienen nea rydlessen hân, en de measten hienen al hielendal gjin ferstân fan in motor. Yn't earstoan koenen jo it rydbewiis krije fan in garaazje-hâlder. As dy man it net rjocht fertroude, liet hy de emigrant eefkes om syn benzinepomp hinne ride, en as dat aardich knap gie, wie hy slagge!

Frans Bruining, dy't oarspronklik út 'e Ham kaam, wenne dêr ek, en koe myn heit hiel skoan. Sy wienen beide op 'e Drifte, ûnder Droegeham, berne. Frans en syn frou hienen in grutte keppel lytse bern. Der wienen 10, fyf famkes en fyf jonges. Doe't ik lêstendeis tsjin Frans sei dat dat aardich roaid wie, sei hy: 'Ja, mar dan moast witte dat wy se ek noch presiis om de oare hienen: famke, jonge, famke, jonge ... mei sels in twilling der tusken, ek presiis op 'e rige!'

Doe't wy yn Holland Marsh oankamen hie Frans hjir al in skoft west. It wie dik earmoede fansels mei sa'n grut gesin en mar ien ynkommen. De âldste wie noch mar tolve jier âld. Frans hie in âld Ford kocht, in Model T. Hy tufte mar raak, meastal hiel proastich lâns de stoffige púndyk en it like hiel wat. Myn heit siet ris by Frans foar yn de auto en sy riden starich oan fan't lân nei de skoarre fan de baas wêr't wy mei sa'n man of 10-15 stienen of sieten te skoftsjen. Wy seagen Frans oankommen op 'e wei mei heit neist him. De ramen wienen del en Frans kaam mei faasje it grutte hiem op swaaien, laitsjend, en yn ienen hearden wy him razen tsjin heit: 'Tink derom, Hindrik hâld dy goed beet!' en mei in heislike klap ried de âlde auto tsjin de muorre fan de grutte skuorre oan. 't Wie allegearre stof, de motor sloech ôf, wolken fan stoom kamen ûnder de kappe wei, en Frans sprong der út. Hy lake dat it davere en sei: "Ja, minsken, sa stoppet dizze slide. Der sitte gjin remmen op en ik brûk muorren of beammen om te stopjen!" En sa wie it presiis. Hy sei in skoftke lyn noch tsjin my: " Jelle, wy hienen gjin reade sint! Ik hie net iens in pear sinten om in nij slangkje te keapjen foar de radiateur. It wie goedkeaper om der geregeld in amer fol wetter yn te jitten.'

Frans koe prachtich fertelle, mei sterke útdrukkings en kostlike ferhalen. Syn heit en mem hienen ek in hiele keppel bern, der wienen 15! Wy hienen in protte wille yn dy earste, net altyd noflike tiid dêre yn de feangrûn fan Holland Marsh. Letter kaam it allegearre wol goed, mei Frans en syn gesin ek. Sy ha it no goed op de âlde dei.

Wa is Frans eins?

Hy wie berne yn 1918 op 'e Drifte as fyfde bern fan Folkert Kornelis Bruining (1870-?) en Geertje Rinzes Storm (1890-?), dochter fan Rinze Jelles Storm (1870-?) en Elizabeth Sierks Bijma (1868-?). Folkert wie in soan fan Kornelis Folkerts Bruining (1834-1901) en Sjoukje Rinzes Storm (1838-1916), dochter fan Rinze Sjoukes Storm (1805-1869) en Trijntje Sybes Kleinstra (1809-1872). Kornelis wie in soan fan Folkert Taekes Bruining (1800-1875) en Durkje Jans Stokje (1795-1870). Dizze minsken hienen ek in soan Bordze (1823-1887) en dy syn soan Folkert (1849-) troude mei Renskje Pieters Brandsma(1856-?) út Surhuzum, en syn dochter Durkje (1852-1928) troude mei Foppe Jelles Nicolai (1851-?). Trijntje Kornelis Bruining (1863-) troude mei Binne Rekker (1861-1935) en harren soan Fokke troude mei Gepke Visser dy't Pietje Durks van Dellen (1872-1948) en Melle Visser (1867-1954) as âlden hie. Sa komme in protte Bruining's, Nicolai's, Brandsma's, Land- ten, Bijma's, Storm's, en letter ek Helmus's, Schievink's en oaren allegearre by mekoar.

Jelle yn Kanada