OP ZOEK NAAR ROOTS - 31


"Fryslân-2000, Fryslân-2000" kin jo oeral lêze, yn tydskriften, yn kranten, op it internet, ensf. De faak al âlde âld-friezen wurde útnoege en oanmoedige om nei Fryslân te stevenjen yn dit nije jier. Roun Krysttiid lêze wy getrou it twadde haadstik fan Lukas. De earste ferzen fertelle ús dat alle Joaden nei harren berteplak gean moasten om beskreaun te wurden. Dat sil wol in hiele droktme west ha. Fryslân-2000 jout ek in hiele droktme. Hjir by ús binne ek al ferskate minsken dy't nei 'hûs' sille dizze simmer.

Yn Lukas 2 'moasten' de minsken der hinne, hjoed de dei is't noch frij foar de Friezen. Ali en ik ha noch gjin plannen makke.

De KLM sil wol hiel bliid wêze en de reisburo-minsken wriuwe harren yn'e hannen. De loft sil noch wol wat blauwer wurde fan al dy blauwe KLM fûgels yn it himelroun. Want it sil wêze mei de Friezen!

Yn myn gedachten sjoch ik al 3 minsken neist mekoar sitten op reis nei Fryslân. Sy kenne mekoar noch net. Sy ha mekoar noch nea earder sjoen. Mar as sy begjinne te praten - yn't begjin Ingelsk, en dan Hollâns, en op't lêst Frysk - earst wat oer de gesinnen, oer de bern en de bernsbern, oer wêr't sy berne binne .. en dan oer de âlden, oer pake's en beppe's, ensf. en dan .... "Wy binne aans noch famylje!".

Dat soe bêst kinne as, bygelyks, Sjoerd, Jurjen, en Jan neist mekoar kamen te sitten yn ien riichje yn sa'n grutte, blauwe fûgel.

Wa binne dizze minsken? Sy stamme alle 3 ôf fan ien foarmem: fan Saakje Kornelis Iedema (1833-1908) dy't 3 kear troud west hat.

Sjoerd Laanstra (b.1934) is troud mei Doetje Rinsema, en wennet yn British Columbia. Hy komt út it grutte gesin fan 14 bern fan Jan Laanstra (1902-1970) en Ettje van Manen (1907-1985) dy't yn Oerterp wenne ha. Sjoerd syn suster Mettje is troud mei master Klaas de Jong, haad fan een Kristl. Skoalle yn 'e Ham. Dizze Jan Laanstra wie in soan fan Hendrik Laanstra (1873-1912) en Trijntje Jans van Houten (1876-1963). Trijntje wie in dochter fan Saakje Iedema en har twadde man Jan Rinzes van Houten (1832-). Sy trouden yn 1870. Saakje troude foar de tredde kear yn 1880 mei Ruurd van der Veen (1825-).

Saakje har earste man wie Sikke Jilles van Dekken (1827-1863) en sy wienen troud yn 1851 en krigen fêst wol 5 bern, en twa dêrfan wienen famkes: Wipkje (1855-1935) en Sjoukje (1859-1915).

Jan stamt ôf fan Wipkje, en Jurjen fan Sjoukje.

Wa is Jan? Dat is Jan (John) Schievink (b.1944) dy't yn Ontario wennet en leraar west hat. Hy en ik binne ek famylje fan mekoar fia de Schievink's. Jan is de soan fan Hendrik Schievink (1919-1982) en Tietje Laanstra. Hendrik wie in soan fan Jan Baukes Schievink (1879-) en Yttje Martens van Houten (1882-). Dizze minsken wennen froeger oan de Lytsewei yn 'e Ham. Yttje wie in dochter fan Marten van Houten (1852-1926) en fan Wipkje van Dekken (1855-1935).

No Jurjen noch. Hy is Baptisten-dominee yn New Brunswick, en is in soan fan Eelke van der Veen (1910-1997) en fan Martje Jurjens Vaatstra (1915-1996). Dizze Martje wie berne yn 'e Ham as dochter fan Jurjen Vaatstra (1879-1931) en Saakje Hoekstra (1890-1972). Saakje wie in dochter fan Sieger Hoekstra (1863-1931) en Sjoukje van Dekken, dy't yn Harkema wennen froeger.

En sa komme de trije reizgers by mekoar, net allinne yn't fleantúch, mar ek yn't bloed. Sy ha mekoar noch nea sjoen, mar sa koenen sy mekoar doch wolris moetsje yn 'e loft. Wa wit!

Yngewikkeld? Op't earste gesicht wol, mar dochs falt it wat mei. Jo hoege mar sa'n 150 jier tebek te gean, en dan sitte jo somtiden yn 'e selde húskeamer, earne yn it moaie Heitelân.

'k Neamde lêstendeis dat Pearl Coster út Amerika my frege nei de Kooistra's fan Arum. Ik ha se fûn en de 83-jierrige Pearl is omraak ynnaam mei de gegevens dy't sy no hat. De famylje hie it nea witten wêr't se wei kamen, mar no hat sy nammen fan minsken en plakken, en wyt folle mear. Sy kin der net oer út.

'k Hoopje dat alle Friezen feilich fleane meie en dat sy allegearre in kostlike tiid ha yn 't âlde heitelân. "Fryslân, Fryslân, de lânsdouwe, wêr't ús mem my widze hat ... O, dat lân ferjit ik net!

Jelle yn Kanada