OP ZOEK NAAR ROOTS - 3


Hjir komt dus mear oer Sam Mozes, oer syn heit Gerrit, en oer syn Beppe Bregtje Mozes.

Yn October 1943 krige Sam syn mem Lottie berjocht dat har man Gerrit hiel slim siik lei yn een sikenhûs yn Los Angeles. Hy hie kanker. Lottie en Sam gienen op stap ùt Oakland nei Los Angeles. Sam fertelt:Ik herinnerje my noch hiel goed dat Mem mei de dokter praatte endat dy fertelde dat Heit noch mar een pear wiken libje koe. Doebrocht hy ús nei de keamer fen Heit. Heit lei allinnich. Wat wiehy bliid dat hy ús seach. Wy binne in Los Angeles bleaun en wy gienen elke dei nei heit ta. Nei en pear wiken hie mem gjin sinten mear foar it hotel, en doe hat se alles regele foar de begraffenis, en dêrnei binne wy fuort gien. Een wike letter krigen wy berjocht yn Oakland det heit ferstoarn wie op 21 oktober 1943 yn Los Angeles.

Syn mem Bregtje forstoar op 1 febrewaris 1943 yn Grins, krekt foar't har soan yn Amerika stoar. Sy hawwe mekoar nea wer sjoen nei't hy fuort gien wie nei Amerika. Sam wit net of der ea brieven ferwiksele binne tusken mem en soan. Wat Sam wit, wit hy fen ferhalen dy't hy by 'hap en snap' heard hat. Wa wit binne der earne noch wol brieven fen Gerrit oan syn mem Bregtje.

Gerrit Mozes gie lykme allinne de wrâld yn, hy wie letter faak allinne, en hy stoar allinne fier fen 't Heitelân.

Sam syn mem Lottie stoar yn juli 1981 oan hartproblemen en oan een harsens-ferlamming.

Sam is sels troud west mei Dolores, en sy krigen ien dochter, Dolores Mozes, dy't ek troud is en dy't Sam 2 pakesizzers joen hat. Sam syn earste frou is stoarn oan kanker, en hy is no wer gelokkich troud mei syn twadde frou Jean Stanley.

Sam fertelde noch det syn Heit Gerrit wol ris praat hie oer een trip nei Nederlân, mar de krisis jierren en de twadde wrâldoarloch ha dat net mooglik makke.

Sa geane de bern soms fuort en de âlden hearre nea wer wat. Hjoed de dei haw wy de tillefoan, de fax, en it internet. Lit ús nea forjitte kontakt te hâlden mei ús âlden en mei ús bern.

Sam, berne yn 1929, is een soan fen Gerrit Mozes (1892-1943) en Lottie Rubin (1912-1981). Gerrit is een soan fen Bregtje Mozes (1868-1943). Bregtje is een dochter fen Durk Geerts Mozes (1807-1871) en Janke Wobbes (1835-1915), dy't een dochter wie fen Klaaske Gooitzens Wobbes. Durk is een soan fen Geert Jeltes Mozes (1770-1832) en Bregtje Durks Kuipers (1772-1832). Geert is een soan fen Jelte Geerts en Aaltje Geerts. Oer de Wobbes famylje hoopje'k ek noch wolris wat te skriuwen.

Oer twa wiken hoopje ik mear te fortellen oer Sam syn famylje yn 'e Ham, Lamke Mozes, en oer syn famylje yn Grins. Dêr wennet nog een Bregtje Mozes. De Hamster famylje hie nog twa âlde kiekjes fen lytse Sam, dy't syn heit froeger oerstjûrt hie nei de famylje. Dy hat Sam no! Lamke hat Sam noch mear kiekjes stjûrt en hy skreau my dat hy de famyljetrekken hiel dûdlik sjen kin tusken syn heit Gerrit en de heit fen Bregtje ût Grins, nammentlik Jan Mozes, berne yn 1904 en ferstoarn yn 1994. Jan wie een hjelbroer fen Gerrit.

Yn het folgjende stikje, oer twa wiken dus, fertel ik noch ien kear wat mear oer Sam, dy't altyd tocht dat er pûr lykme allinne op 'e wrald wie, en no een hiele protte famylje hat en seit: "I never knew I had so many relatives who like to see me, and whom I would love to meet!" De kaartsjes foar de fleanmasine binne al kocht!

Jelle Kooistra