OP ZOEK NAAR ROOTS - 27


Juster krige ik een e-mail fan in âldere frou út Amearika. Sy hie myn namme en adres fûn op it internet, by it Gastboek fan Fryslân. Har namme is Pearl Coster. Dat sei my earst neat, mar sy fertelde dat de namme wie fer-amerikaanske troch de jierren, en wie froeger Cooyster/Cooistra/Kooistra west. Dat hie fuortendaliks myn ynteresse fansels. Sy skreau dat har man syn oer-pake in 1853 mei een boat út Harlingen wei gien wie, mei syn frou Anna en 5 bern. Een moanne letter binne sy yn Liverpool op in steamboat gien dy't "William & Mary" hiet. Dit gesin soe nei Amearika mei in kloft fan sa'n 90 Friezen ûnder lieding fan Oepke Bonnema. Dy oer-pake hiet Jacob Sakes Kooistra, kaam út Arum, mar is nea yn Amearika oankaam want it skip is omkaam yn 1853 tichte by de kust fan de Bahamas, en hy en syn lytse jonkje Marmus en it lytse famke Boukje binne ferdronken. De mem wurde sparre mei trije lytse jonkjes. Sy is letter fierder gien en mei in oare boat de Mississippi Rivier opfart en is lang om let yn de staat Wisconsin oankaam. Wat hat dat in moedige frou west! Wat hat dy wat meimakke: sûnder man, twa berntsjes ferlern, en dan yn in poerfrjemd lân! Emigraasje is altyd muoilik, mar foaral sa as Anna dat meimakke. Dy sil wol faak snokt ha. De kaptein en de bemanning wienen yn de rêdingsboaten gien en lieten de earme minsken efter. Gelokkich binne sy dagen letter ret wurden troch in oar skip.

De kranten stienen letter fol fan lilke ferhalen oer dy ûnminsklike skarlún. Ek de Ljouwerter Krante. En yn New York en yn London.

En no hat ien fan de neisaten fan dizze Jacob en Anna myn namme fûn op it internet. Ik bin no drok dwaande mear oer dy famylje út te sykjen. Wy sille wol gjin famylje fan mekoar wêze, mar ik wol harren dochs graach wat fierder helpe.

Dit ferhaal die my tinken oan in Wouda dy't froeger ferdronken is yn 'e Leijen of de Burgumermar by Eastermar. Wybren, in soan fan dy Wouda is letter nei Amearika gien en is dêr troud en hat dêr ek bern krigen. Ien fan syn neisaten is troud mei Durk Hellinga, soan fan Heine Hellinga en Jetske van der Meulen, dy't yn 'e Pein wenje. Jetske is in suster fan myn frou Ali.

Eerne kom ik ek by de Wouda-famylje troch de Postma's en de Kramer's. Dat is in ferhaal op him sels.

Ali's muoikesizzer, Durk Hellinga, is troud mei Marilyn Wouda, berne yn Chicago, en dochter fan Durk Wouda, berne yn 1916 yn Chicago en troud mei Lydia Golke, berne yn 1921. Dizze Durk is in soan fan Wybren Durks Wouda (1890 Surhuister-veen-1939 Chicago) en Grietje Lammerts Landman (1892 Rottevalle-1981 Chicago) dochter fan Lammert Jeens Landman (1850-1922) en Minke Bloembergen (1859-1921). Dizze Wybren wie in soan fan Durk Wybrens Wouda (1860 Surhuisterveen) en ferdronken yn 'e mar by Eastermar op 11 july 1890. Hy wie 'beurtschipper' en troud mei Antje Taekes Postma (1858-1934) suster fan Elizabeth Taekes Postma (1849-1903) dy't troud wie mei Djoerd Jans Schuilinga (1851-1940). Bakker Taeke Schuilinga wie neamd nei de heit fan Elizabeth. Yn 'e oarloch hat dizze Taeke my ris earst yn syn winkel litten as lyts jonkje om't ik de kruk beethold en earst wie. Hy sei tsjin de lange rige dringerige klanten doe't hy de doar iepen die: "Minsken, net sa triuwe. Dit jonkje is earst want hy wie hjir earst!" Wat wie ik bliid en tankber foar dizze bakker dy't letter troch de Dútsers deasketten is.

Wybren wie in soan fan Feike Wybrens Wouda (1791-1853) en Grietje Jans Dijkstra (1797-1875).

Ik neamde niiskrekt Antje Taekes Postma. Sy wie in dochter fan Taeke Harms Postma (1817-1899) en Janke Reinders Kloosterman (1819-1896). Taeke wie in soan fan Harm Bouwes Postma (1787-1863) en Elizabeth Thomas Brouwer (1788-1853), dochter fan Thomas Taekes Brouwer (1754-1818) en Taltje Jans Valks. Harm Bouwes wie in broer fan Trijntje Bouwes Postma (1778-1853) dy't troud wie mei Alle Johannes Kramer (1773-1845). Harren soan Johannes Alles Kramer (1810-1886) wie troud mei Theodora Petrus de Brouwer (1809-1886) dy't op 't Fean wennen en skipper wienen. Sy hienen in dochter Aaltje Johannes Kramer en dy wie troud mei Pieter Jelles Hamstra fan 'e Ham, myn oer-pake en oer-beppe. Yn dy Postma-famylje komme de Wouda's, de Schuilinga's en ik by mekoar.

Ús lytsbern, Megan Kooistra, dochter fan ús soan Bill, is in neisaat fan dy Thomas Brouwer en Taltje Valks. Wat in tizeboel, mar it kloppet dochs.

Jelle yn Kanada