OP ZOEK NAAR ROOTS - 22


It wie rûn 1954, ‘k tink fan yn ‘e hjerst. It barde op een sneintejûn, einliks wie't al nacht. Ik kaam by myn faam wei. It wie in rûziche en in suteriche jûn. It hie wat reind, mar sa no en dan kaam de moanne der eefkes troch. Ik wie op wei nei hûs en ried lykme allinne op in stil en rêstich klinkerweike wêr it ekstra tsjuster wie om't der gjin ljochten wienen. Der wie gjin siel te bekennen, allinne dizze iene nachtdraver! Ik lei mei myn earmen noflik op ‘t stjûr, en hâlde de fytslampe beet mei beide hânnen en ried moai op hûs oan. ‘k Seach net foar my út, mar nei beneden nei de stiennen. Der wie dochs neat op ‘e wei. It paadsje wie my wol bekend en sa al tinkend oan in moaie joun, ried ik fierder. Yn ienen feroare alles! Ik skeat oer it stjûr hinne, de hânnen en holle fleachen tsjin een waarm lichem oan ... der wie in grut spektakel op ‘e wei ... en ynienen seach ik, wylst ik op ‘e wei kwakte, in pear glêdde, blikkerjende hoefizers flak by myn holle lâns fleanen yn ‘t moanneljocht .... en doe hearde ik een keppel hynders de wei lâns stowen, al hiel op ‘e rin, ... foar my út. Hoe folle wit ik net, it wie te donker, mar mear as ien en twa. Sy wienen kenlik ek op ‘t ferkearde plak (of hienen miskien ek nei de feint of faam west). Ik kleaude oerein, pakte de fyts, die it tsjil gau eefkes tusken de knibbels om ‘t wer rjocht te setten, en doe ha ‘k rimpen beslúten om in omwei te nimmen. De skrik siet my al hielendal troch ‘t lichem en ‘t naam in moai skoftke foardat alles wer normaal wie. Al mei al kaam ik knap let thús, sa let, dat heit fan ‘t bed ôf kaam om't mem net sliepe koe fansels foardat alle jonges thús wienen. Heit soe my in bytsje ûnderwiis jaan yn't op tiid thús te kommen, mar der is neat fan kaam. Ik sei: ‘Heit mei wol bliid wêze dat ik der noch bin, want sa en sa is ‘t gien...' Der ha wy doe in skoftke oer praat en mem kaam der ek noch by, en al gau leinen we allegearre op ús bêdden. Ik hie gelokkich west, tocht ik doe. Hjoed siz ik: ‘k Bin bewarre!'

Dit ferhael kaam my yn ‘t sin doe't ik oan Johan Wobbes tocht. Dat is een kunstskilder út Grins en soms wennet hy yn Amsterdam. Ik ken him fia het Internet. Ik haw wat gegevens foar him opskarrele yn Canada. Hy is mei it WOBBES-boek dwaande en woe graach wat gegevens ha oer fiere famylje yn Canada. Yn 1958 hie ik in famke yn ‘e klasse dy't Shirley Wobbes hiet, en yn Jarvis wenne, yn Ontario. Sy wie de dochter fan Anne Wobbes en Minke Bergsma, dy't út Sumar kamen en yn 1947 al nei Canada gien wienen. No is dizze Wobbes ek famylje fan Hidde Wobbes fan ‘e Skieding, en dy't troud is mei Pietje Drost, fiere famylje fan my fia de Kramer famylje. Dat ha ik wol ris faker neamd. Sy stamt ôf fan Hiske Johannes Kramer en ik fan Aaltje Johannes Kramer. No binne Johan, Hidde en Shirley famylje fan mekoar. 
Dat sit sa:
Der wie in sekere Folkert Jannes Wobbes (r.1764-1828) dy't troud wie mei Antje Louwes (1759-r.1793). Letter is hy wer troud en dêr is Johan in ôfstammeling fan. Folkert en Antje hienen in soan Louw Folkerts Wobbes (1791-1840), dy't troud wie mei Sybrigje Pieters Dijkstra (1795-1867), en dit pearke hie in soan Sieds Louwes Wobbes (1821-1878), dy't troud wie mei Grietje Jochums van der Zaag (1814 -). Dy hienen in soan Louw Siedzes Wobbes (1847-1893), dy't troud wie mei Hiltje Roels Postma (1852-). Dizze minsken hienen 2 soannen: Sieds (1882-) dy't troud wie mei Janna Helbich, en dy hienen in soan Anne (1913-1999 )troud mei Minke Bergsma (1917-), en harren dochter is Shirley (1946-) dy't yn Jarvis wenne. De oare soan fan Louw en Hiltje wie Jochum (1888-1941) en hy troude mei Grietje Pijl, en sy hienen in soan Sies Wobbes (1923-) dy't troud wie mei Minke Drent (1923-). Harren soan Hidde (1951-) is troud mei myn fiere famylje-lid Pietje Drost (1956-), en harren soan Sies is jong ferstoarn oan kanker (1977-1993).

No noch eefkes werom nei de kunstskilder: Syn geslacht stamt ôf fan de twadde frou fan Folkert Jannes Wobbes, nammentlik fan Claaske Gooitzens Jongsma (1768-1815). Folkert en Claaske krigen in soan Gooitzen (1795-) dy't troud wie mei Janke Jans Lijnstra (1789-1858). Dy krigen in soan Jannes (1827-1863) dy't troud wie mei Sytske Fokkinga (1826-1891) en harren dochter Wipke Jannes Wobbes (1856-1931), dy't letter troude mei Jan Vonk, hie in soan Sytze Wobbes (1914-1993) dy't troud wie mei Antje Huizingh (1916-1992) en harren soan Klaas Wobbes (1938-) troude mei Roelfina de Jong (1939-). Dit pearke krige in soan Johannes Pieter Wobbes in 1966 en hy is de kunstskilder dy't een stikmannich fan syn pronkstikken op het Internet te sjen hat. Sa is it Wobbes-sirkeltje ek wer roun.

Jelle yn Kanada