Wat hie dy rizige, âlde man it 
swier. Hiel starich gienen de trapers fan syn fyts yn 'e rûnte. Hy stie benei 
stil op 'e dyk. Syn dochter seach wol dat heit it net maklik hie. Gjin wonder as 
jo sa'n grutte, swiere Fryske klok op't skouder lizzen ha, dy mei ien hân fêsthâlde 
moatte, en dan ek noch wol op 'e fyts. Dy klok wie fan in boer, in sekere 
Boersma, út Twizel, en dy minsken woenen graach dat de klok al hielendal wer 
opknapt wurde want hy seach der mâl út. De ien of de oare hie him al ris 
oerferve mei flierferve. It like nergens op en it hie dy skoandere klok dan ek 
knap bedoarn. Mar dizze âlde klokmakker koe der wat mei. Doe't klokmakker Elle 
Wijma en syn dochter Gepke op 't lêst by Skûlenboarch wienen, hie hy der goed 
genôch fan. Hy koe net mear! Hy wie oan ein, mar noch lang net thús.
Op Skûlenboarch wenne famylje 
fan harren en dat wie Elle Ellens en dy hie in auto! Dat wie better as in fyts! 
Elle Ellens hat doe de klok eefkes nei Eastermar brocht wêr't de klokmakker 
wenne. Elle Wijma en syn dochter hienen it doe frij wat makliker doe't de klok 
net mear op't skouder lei.
Dit fertelde Gepke Hoekstra-Wijma 
ús okkerdeis doe't myn broer Sjirk en ik har op sochten yn har 
bejaarden-wenning yn Eastermar. Gepke wennet dêr moai. Sy is in nicht fan ús 
mem en sy is no 92 jier âld. Mar....noch sa helder as kryt! Wat ha sokke 
minsken wat foar as de holle sa goed bliuwt. Gepke fertelde ek dat se doe it 
houtwurk fan dy klok hielendal skjin makke ha. Sy ha it op nij politoere op 
advys fan Jouke Spoelstra út Rottefalle. Dy man wist alles oer sokke karweien 
om't hy sels meubelmakker wie. En in goeien ien! Gepke spruts mei lof oer dizze 
bûtengewoane man, dy't ek hiel muzikaal wie.
Gepke sei dat de klok wer as nij 
wurden is. Dat klokmeitsjen siet de Wijma's yn it bloed. Gepke wie sels ek 
klokmakster. Der ha wol ferhalen oer dizze bekwame klokmakster yn de kranten 
stien, foto en al. Sy wie de iennichste frou dy't sok wurk die yn Nederlân. Âlde 
klokken restaurearje is net samar wat herstelle, it is keunstwurk! Dy keunst 
hienen de Wijma's yn 'e hannen. Om't de ûnderdieltsjes fan dizze âlde klokken 
net mear te krijen wienen, makke myn omke Elle dy sels. Letter die Gepke dat ek 
wol. Dat wie hiel fernuftich wurk. Net ien yn dy famylje docht dat wurk no noch.
De Wijma's en de Ellens binne 
famylje fan elkoar. Dat sit sa:
Gepke (1914-) is in dochter fan 
Elle Wijma (1884-1956) en Wytske Hamstra (1888-1949), dochter fan Pieter Jelles 
Hamstra (1849-1888) en Aaltsje Johannes Kramer (1845-1928) út Droegeham. Elle 
Wijma wie in soan fan Lammert Rapkes Wijma (1852-1909) en Gepke Elles Ellens 
(1857-1912). En sa binne we dus al by de Ellens.
Sa troch de jierren ha ik wol 
gauris Ellens oantroffen yn Kanada. Yn 1953 wie der in Elle Ellens yn Holland 
Marsh yn de griente-túnderijen. Der wie net tsjin dy grutte, sterke man te 
wurkjen. It foel net mei om mei him yn't span te rinnen. Dy koe wurkje mei syn 
grutte hannen. Hy hie froeger ek yn de minen wurke yn Limburch. Fierder ha ik 
wol gauris sitten te praten mei Dr. Jacob Ellens dy't professor is oan in 
Kristlike universiteit yn Ontario. Ik koe wol in boek skriuwe oer de Ellens 
famylje, sa'n protte gegevens ha ik dêrfan.
Jelle yn Kanada
          
