OP ZOEK NAAR ROOTS - 198


Wiggele! Dy namme docht my fuortynienen tinken oan Wiggele's Antsje út Droegeham. Ik ha dêr al ris wat oer skreaun yn ROOTS-6. Dat âlde wyfke fertelde my ris in geheimke oer doe't ik hiel lyts wie. Dêr lit ik it no mar by.

Ik krige in mailtsje fan in sekere Wiggele út Gruttegast. Ek hy is ek noch wol in 'Van der Veen'. Dat koe hast net misse of hy moast famylje wêze fan in oare Wiggele wêr't ik ek al ris oer skreaun ha, nammentlik dy Wiggele Sybryns van der Veen dy't hiel froeger yn Amearika wenne hat en nei in pear jier werom gie nei Grinzer Pein mei syn lyts soantsje Sybryn (1868-1952) doe't syn jonge frou Antsje Top (1844-1873) yn Amearika ferstoar yn 1873. [sjoch ROOTS-40]

En, ja, hjer, de skriuwer fan dat mailtsje komt út dat selde laach, as bygelyks de Van der Veen's fan Koartwâld.

Hy stjoerde my in moai ferhaaltsje oer syn pake Wiggele dy't froeger yn Grinzer Pein wenne. Dy man wie feekeapman. Dêrtroch kaam hy wol gauris op 'e feemerke yn de stêd Grins.

It barde in kear dat hy sa'n 20 lammen en skiep nei de merke brocht. Dy kamen dêr doe yn in soarte hok of fak te stean.

Hy krige dy moarns al gauëftich sinne oan in bakje kofje en gie doe eefkes by syn 'skieppe-spul' wei. De kofje smakke him bêst! Mar doe't hy in skoftke letter werom kaam ....wie it hok leech! It die bliken dat in keapman fan slachtfee alle 20 lammen en skiep meinommen hie en se al moai yn syn frachtwein hie. Gelokkich foar Wiggele stie dy frachtwein noch op 'e merke. Hy hie ek krekt like goed fuort wêze kinnen. Pake Wiggele wie mâl skrokken fansels! It die doe bliken dat der noch in oar fak wie, ek mei sa'n protsje lammen en skiep. De keapman hie - by fersin - de ferkearden opladen. Dus: pake syn lammen en skiep kamen wer út de frachtwein, en dy oaren deryn! Pake Wiggele seach doe wol dat syn 'fee' der gâns better út seach as dy oaren! De ruil hie dus wol út kinnen foar de slachter dy't se ha soe.

Dizze pake wenne yn Grinzer Pein en koe de famylje Jeen Baron ek goed. Dy wennen froeger flakby de Lauwers en dy húshâlding is letter nei Amearika gien. In soan Henry ha ik wol ris neamd. Hy wie professor en komt noch wolris yn Nederlân.

Doe't ik dizze 'jonge' Wiggele syn stambeam ris beseach, kaam ik in protte nammen tsjin dy't wol aardich bekend binne, ek fia ROOTS. Sa seach ik bygelyks Weening, Eizinga, Van der Velde, Venema, Van der Wijk, en Wagenaar. Ek dat guons hjirfan út Harkema kamen.

Wiggele (1970-) is ynspekteur fan 'electro-technische' ynstallaasjes. Hy is troud mei Ria Weening (1973-) en sy ha 4 bern: Attje, Pieter, Arjen en Martje. Ria is in dochter fan Arjen Weening (1939-) en Attje Wagenaar (1941-). Dizze minsken wenje yn Oerterp. Har pake Hielke Weening (1908-1998) wie troud mei Grietje Eizinga (1909-1983), en har oare pake wie Douwe Wagenaar (1916-1979) en dy beppe wie Froukje van der Heide (1916-1993).

Wiggele is in soan fan Pieter van der Veen (1940-) en Martje van der Velde

(1942-), dochter fan Durk Andries van der Velde (1917-1973) en Aagje Buisman (1918-2003), dochter fan Lambertus Buisman (1877-1938) en Martje Hoeksema (1877-1950). Pieter van der Veen is in soan fan Wiggele van der Veen (1909-1996) en Hinke Venema (1908-1981), dochter fan Sjoerd Venema (1876-1910) en Janke Dolstra (1874-1920).

Wiggele van der Veen wie in soan fan Pieter Wiggeles van der Veen (1881-1955) en Rinske van der Velde (1884-1918), dochter fan Geert Koops van der Velde (1841-1922) en Antsje Halbes Ypenga (1852-1919).

En....Pieter wie in soan fan dy Wiggele Sybryns van der Veen (1841-1922) dy't ik boppe neamde, en fan syn twadde frou Tryntsje Pieters Gjaltema (1843-1885).

Jelle yn Kanada


Bern fan Pieter van der Veen en Rinske van der Velde:
l.n.r. Antje (1908), Harm (1916), Wiggele (1909), Geert (1914),
Renskje (1913), Trientje (1911), Geertje (1912), Dieuwke (1917).