"...dat  
Hij mij in dit jammerdal toeschikt." Sa stiet it yn Zondag 9 fan de  
Heidelbergse Catechismus. Dat learden wy froeger as bern al, mar wy begrypten  
der net folle fan. Mar as jo âlder wurde, kriget soks dochs wol mear wearde. Ik  
tocht oan dy útdrukking doe't ik yn Amearika yn it froegere plakje Frisia stie  
wêr't in groep Friezen yn 1853 in nije takomst begûn. It hiet no New Amsterdam  
en it is mar in lyts doarpke. By dy groep út 1853 wie ek in widdo: Antsje  
Kooistra-Piekema. Sy en har man moasten ien fan harren bern efterlitte op it  
tsjerkhôf fan Arum. Doe moasten se twa bern yn de Atlantische Oseaan begrave,  
en al gau dêrnei ferstoar har man Japik Kooistra op it eilân de Bahamas oan  
longûntstekking. En doe noch in jonge yn de nedersetting Frisia yn de Steat  
Wisconsin. In skoftke letter ferstoar se sels, en in pear jier letter sneuvele  
har soan Silas yn de slach fan Gettysburg. Doe wie der noch mar ien soan oer fan  
dat hiele gesin, en no trof ik krektlyn in neisaat fan dy iene soan, nammentlik  
Erin Coster. [sjoch ROOTS-33]
         

Dy  
wurden út de Catechismus kamen my ek yn't sin doe't Heine van der Veen út Bûtenpost  
my in mailtsje stjoerde mei wat fragen oer syn famylje-woartels. Dêrby fertelde  
hy ek wat dingen oer syn foarâlden. Hy skreau: "Ik ha in âld bibeltsje fan myn heit  
krigen - in erfstik út de famylje - mei wat oantekeningen en âlde advertinsjes.  
Ek ien fan myn oer-pake en beppe. As jo dat lêze, sjogge jo dúdlik dat de  
minsken froeger ek wol wat mei meitsje moasten".  
Heine skreau my ek wat syn oer-pake en beppe, Sije Hendriks van der Veen en 
Eelkje Martens de Vries, yn in advertinsje setten: 
            "Trof  
ons voor een half jaar een zware slag door het overlijden van onze jongste  
dochter IJbeltje, daarna kleinkind Sije, voor 6 week onze schoondochter Sjoukje, heden werd  
ons door de dood ontnomen, onze geliefde dochter Akke van der Veen, geliefde  
echtgenote van R.B.Brinkman. Sterke de Heere ons in  
deze voor ons zoo zware beproeving. Ps. 90:6 (berijmd). Uit aller naam  
S.H. van der Veen. Kooten, 25 mei  
1919."  
De Spaanske Gryp hie ek hjir syn wrede wurk ferrjochte.
Heine 
van der Veen út Bûtenpost hat sels ek by it grêf stien fan syn earste frou. 
Sy wurde yn 1991 op de Grinzer Strjitwei oanriden troch in auto. Har namme wie 
Annie van der Veen. Sy wie noch mar 46 jier âld.
Gelokkich 
komme der nei sokke drôve dagen ek wer bettere tiden. De sinne begjint dochs 
wer te skinen, al duorret it soms wol wat lang. Dat seit Ps. 94:8 (berijmd) ek: 
"De Heer zal in dit moeilijk leven, Zijn volk en erfdeel nooit begeven."
Heine 
van der Veen is al mei pensjoen gien en wennet yn Bûtenpost mei syn twadde frou, 
IJnskje Spinder, dochter fan Taeke Pieters Spinder (1891-1961) en Hendrikje 
Fokkes Weening (1892-1979) út Harkema. De Spinder en Weening famyljes ha ik wol 
ris neamd yn oare ROOTS-ferhalen. Tegearre meie Heine en IJnskje genietsje fan 
in rêstiger libben. Heine hat in protte famylje yn Kanada, ek flakby ús. Ik ha 
Heine Veerman en syn broer en susters al ris neamd yn ROOTS-19 en 171.
Heine 
(1945-) is in soan fan Sije van der Veen (1914-) en Pietje Buruma (1916-1993), 
dochter fan Sjouke Melles Buruma (1887-1951) en Loltsje Hendriks Jagersma 
(1887-1969).
Sije 
is in soan fan Heine Sijes van der Veen (1891-1979) en Sjoukje Jans Jansma 
(1896-1919). Heine troude letter wer mei Ykje Pieters Woudwijk (1900-1942). 
Trije fan de bern ha ik hjir yn Kanada wol goed kinnen. Dat wienen Antje (Anna) 
út it earste houlik, troud mei Louw Veerman [ROOTS - 19 & 171] en dochter 
Akke en in soan Theunis út it twadde houlik. Hja gienen mei ús nei de selde 
tsjerke. Ik ha wol bern en berns-bern fan dizze minsken op skoalle hân.
Pake 
Heine wie in soan fan Sije Hendriks van der Veen (1854-1932) en Eelkje Martens 
de Vries (1854-1932). Dit wie it stel fan de hjir foar neamde advertinsje.
Jelle yn Kanada