Yn de Kollumer krante stiet in
advertinsje oer Keimpe syn ferstjerren. Dêr stiet:
"Heden nam de Heere plotseling uit ons midden weg onze innig
geliefde man en vader KEIMPE KOOISTRA in den ouderdom
van 47 jaar en 3 maanden, na een gelukkige echtvereeniging van ruim 21 jaar.
Zijn leven was Christus, zijn sterven
gewin. Uit aller naam: Wed. K.Kooistra-Wagenaar en kinderen. Lutjepost, 7
nov.1944." Dit toant dúdlik it leauwe fan
dizze frou en bern. Yn 1948 is dizze widdo mei twa
jonges en mei Joukje nei Amearika gien, nei famylje dy't dêr foar de oarloch al
hinne gien wie. Har soan Hindrik hie ferkearing mei Jantsje de Vries, en dy twa
kamen letter nei't se earst trouden yn Fryslân. En dizze Joukje (1936-) en
Jantsje (1926-) trof ik dus op dy snein yn Grand Rapids, Amearika. Joukje har âlden,
Keimpe Kooistra (1897-1944) en Jacoba Christoffels Wagenaar (1898-1987) kamen
oarspronklik út oare plakken yn Fryslân, dus net út Achtkarspelen. Keimpe wie
berne yn Wirdum en hie yn't begjin fan syn trouwen in peteroalje-rit en ek wat
hinnen. Letter koe hy in lyts boerespultsje keapje yn Lytsepost. Syn frou Jacoba
wie berne yn Aldeboarn. Mar Jantsje de Vries (1926-)
komt wol út Achtkarspelen. Sy wie dus troud mei Hindrik Kooistra (1924-1999) út
Lytsepost. Sy is in dochter fan Pieter de
Vries (1892-1960) en Johanna Veenstra (1896-1958). Johanna wie in dochter fan
Frederik Veenstra (1853-1924) en Jantsje Postma (1856-1928), dochter fan Pieter
Pieters Postma (1810-1875) en Baukje Hend. Pol (1829-). Pieter de Vries wie in soan fan
Pieter Pieters de Vries (1864-1929) en Imke Popkes Ytsma (1868-1943), dy't in
dochter wie fan Popke Alles Ytsma ( 1828-1899) en Tjitske Romkes van der Kloet
(1835-1908). Pieter de Vries wie in soan fan
Pieter Pieters de Vries (1824-1896) en Korneliske Tobias van der Velde
(1834-1896), dochter fan Tobias Durks van der Velde (1789-1848) en Antsje de
Vries (1796-1875). Jelle yn Kanada
De
jierlikse Fryske tsjerke-tsjinst yn Grand Rapids, yn Amearika, op 25 maaie, wie
mear as in gewoane tsjinst. It wie ek de lêste, nei 50 jier! Der komme no gjin
mear. Dizze tsjinst brocht Friezen by elkoar fan ferskate lannen, lykas Nederlân,
Kanada, en Amearika. Myn frou en ik wienen dêr ek mei noch goed tweintich
Friezen út Fryslân. Dy groep wie dêr mei de reis-ferieniging 'In de
Voetsporen', en wy ha twa wiken mei harren op reis west. Wy ha mei elkoar 5000
km. riden yn in moaie bus troch sân Steaten. Nei dizze moaie tsjinst sieten of
stienen al dy Friezen-om-utens, mear as 200, by elkoar te praten ûnder it
genietsjen fan kofje en tee, mei wat lekkers derby. Al gau fregen se elkoar: 'Wêr
komme jimme eins wei út Fryslân?' Der kaam in frou op my ta dy't heard hie dat
der in Kooistra by de reisgroep wie. Sy fertelde mei dat har namme Joukje
Kooistra wie en dat sy út Bûtenpost kaam. In skoftke letter kaam har
skoansuster der ek by en dat is Jantsje Kooistra-de Vries. It duorre mar eefkes
en doe kamen penne en papier op 'e lappen, en dêr gie it hinne. It iene
geslacht nei it oare. Joukje fertelde my doe ek dat har heit Keimpe Kooistra
(1897-1944) op 7 novimber 1944 deasketten wie troch de Dútsers. Dat barde doe't
der in razzia wie tichteby Bûtenpost. Eins wie it yn de Mieden by Lytsepost. In
hiele kloft mannen wie útnaaid en lei yn in fjild efter strûken en reid. Mar
ien hie de Dútsers ferteld wêr't de mannen wienen en doe is Keimpe yn dat
fjild deasketten wurden. Hy wie doe 47 jier âld. Syn soan Chris (1927-) wie der
by en wurde ek oppakt, mar dy is letter wer los litten om't hy noch mar 16 jier
âld wie. Wat sil der ek in grutte drôvenis west ha yn dat gesin. Wat sil dy
frou, dy mem, ek gûld ha! Op slach har man kwyt! Sa mar. Troch wreed geweld. Sy
bleau efter mei 3 jonges en ien famke, Joukje, dy't doe 8 jier âld wie. Doe't
Joukje it ferhaal oer har leave heit oan my fertelde, wurde har it gemoed fol en
kamen der triennen yn de eagen. Dan sjogge jo hoe djip smerte giet. Nei 62 jier
docht it noch sear. Sy wie sa wiis mei har heit en hy mei syn ienichste famke!