Hûsbrân
mei wol ien fan de slimste dingen wêze dy't in húshâlding oerkomme kin. Der
baarnde froeger wol gauris in hûs of in skuorre ôf. Myn âlden ha dat ek
meimakke doe't ik noch mar in lytse beuker wie. Dat moat yn it midden fan de
tritiger jierren west ha. Dat hûs stie op 'e Drifte by Droegeham. Ik leau dat
it kaam fan in peteroalje stel dat ûndersteboppen rekke. Hjoed-de-dei komt hûsbrân
net sa folle mear foar. Dat komt ek om't hûzen better boud wurde, der wurdt net
sa folle strie mear brûkt, de kachels binne feiliger, de skuorren wurde boud
fan oar materiaal, ensf.
Yn
1943 is it hûs fan de famylje Japik en Anne Storm yn 'e Petten yn Harkema ôf
baarnd. Dat wie dus yn 'e oarloch dat al in minne tiid wie. Japik en Anne krigen
11 bern. En dan gjin hûs mear! Sy hienen krekt in baarch slachte en dy hong yn
de skoarstien te droegjen. Dy is doe ek ferbaarnd. En Anne hie allegearre sokken
breide foar har grutte keppel bern. Dy leinen netsjes opteard yn in lyts kastke
en dat wie gelokkich krekt op tiid út it baarnende hûs helle. Mar...wylst dat
earne bûten stie, is dat kastke stellen wurden en oare bern sil dy sokken wol
droegen ha. Eigen bern hienen gjin lekkere waarme eigenbreide sokken dy winter.
Der is doe al gauëftich in soart needwenning delplakt wurden en dêr ha se in
skoft yn wenne. Yn 1955 is it gesin fan Japik en Anne op in boerespul kaam flak
achter de âlde buorkerij fan Evert van Wieren oan de Blauhústerwei. Japik
Storm hie dy buorkerij kocht fan Toop Hoogsteen, en dy stie oan de sânreed
achter van Wieren. Hy hie der ek in molkrit by, mei hynder en wein. Hy brocht de
molke al hielendal nei it molkfabryk yn Gerkeskleaster. Japik hat op dat
spultsje buorke oant syn sechtichste jier ta en doe is hy mei frou en 3 bern nei
de Tille ferhûze. It buorkjen wie dien. Dy man en frou ha ek in hûdfol wurk
dien.
In
soan fan Japik en Anne, Bareld Storm, wennet noch op 'e Tille en hy wurket foar
Haitsma. Bareld sit op in grutte kraan en moat skippen losse dy't dêr oankomme
mei grint út Switserlân en mei sân út Dútslân.
Ik
kaam op it spoar fan Japik Storm doe't ien my it dikke stambeamboek oer RUISCH
tastjoerde. Doe't ik dêr wat yn om bleddere, seach ik ynienen 'Surhústerfean'
stean en de namme fan Bareld Storm. Dat kaam om't syn frou in Ruisch is,
nammentlik Tineke Ruisch. Ik hoopje op de Ruisch-famylje werom te kommen yn juny
sadree as wy werom komme út Amearika. Dêr wenje ek in bult Ruischen.
Japik
Storm en syn frou wienen Art. 31, mar geane no nei de Kristlike Grifformearde
Tsjerke yn 'e Ham. Dy tsjerke kin ik wol aardich goed om't ús Hamster famylje dêr
froeger ek hinne gie, lykas Sjirk en Tiete Kooistra en Janke Kooistra. No noch
wat mear oer de Storm famylje. Bareld (1949-) is dus troud mei Tineke Ruisch
(1951-), en sy ha twa bern: Sonja en Jacob.
Bareld
is in soan fan Jacob Storm (1906-1975) en Antje Broersma (1910-2004), dy't beide
út Harkema kamen.
Antje
is in dochter fan Jan Waatzes Broersma (1874-1926) en Antje Aizes van der Heide
(1874-).
Sy
hie ek in broer Waatze Broersma (1903-1971) dy't troud wie mei Gelske van Wieren
(1909-), in suster fan Evert van Wieren.
Jacob
Storm wie in soan fan Rinze Jelles Storm (1870-1951) en Elizabeth Sierks Bijma
(1868-1926?), in dochter fan Sierk Barelds Bijma (1835-1917) en Geertje Hendriks
Nieuwenhuis (1840-1881). Rinze Storm wie in soan fan Jelle Sjoukes Storm
(1819-1890) en Liefke Jans Oedzes (1833-1904), dochter fan Jan Jans Oedzes
(1794-1865) en Jantje Hendriks Kielstra (1799-1838).
Jelle yn Kanada
de Storm buorkerij mei: Geertsje & Romkje en harren nichtsje Coby.