OP ZOEK NAAR ROOTS - 17


Beppe sei froeger ... Mem sei altyd ... Dy útdrukkings ha wy allegearre wol ris brûkt, tink ik. It foel my lêstendeis op dat myn tante Aal yn Whitby, Ontario, sa faak seit: ‘Beppe sei altyd ... Welke beppe? Sy is sels ek al beppe en ek al oer-beppe. Sy is benei 86 jier âld. Tante, in suster fan myn mem, bedoelt dan de beppe der’t sy nei neamd is: Beppe Aaltje Johannes Kramer (1845-1928) dy’t troud wie mei Pieter Jelles Hamstra (1849-1888) de postrinner, en dy’t froeger yn’e Ham wennen. Wêrom neamt tante har beppe sa faak? Om’t tante har eigen mem mar amper kend hat, want sy wie noch mar 5 doe’t har mem, Hinke Nicolai, stoar yn’e Spaanske Gryp in 1918. Doe is Beppe Aaltje de ‘mem’ wurden fan it gesin mei de 5 lytse berntsjes fan har soan Jelle Hamstra, doe ‘t Beppe sels al goed 73 jier wie. Doe hat sy noch 10 jier foar dat memme-leaze gesin soarge. Dy Beppe hat in grutte ynfloed hân op myn tante Aal yn Whitby, en ek op myn eigen mem. Beppe wie alles! Lêstendeis sei tante tsjin my: ‘Beppe sei froeger altyd: ‘Jimme moatte nea nei de meardere sjen, mar altyd nei de mindere.’ Sy hie ek ris sein: ‘As jo in minske gau kennen leare wolle, sjoch dan nei syn gesicht en nei syn skuon!’ Ik tink wol gauris oan dingen dy’t myn mem wol ris sei: ‘De Heare hat ús libbensbeamke plante, Hy lit it groeie, en Hy skoddet it ek wol ris! Dan wol Hy ús wat leare.’ In oare kear sei sy wol ris: ‘As jo jonges stjûre, krije jo jonges werom.’ Dat sei sy foaral as ik ris nei de winkel moast en mei it ferkearde spul thús kaam. Ik hie dêr wol ris een bytsje in hekel oan, en op in kear doe it wer mis wie en mem it selde sechje brûkte, sei ik: ‘Mem soe raar op sjen as ik as in famke werom kaam.’ Sa ûnthâlde wy allegearre sechjes, rimpkes en ferskes dy’t wy fan us âlders of fan oare minsken mei krigen ha. Wat ûnthâlde ús bern fan ús?

In âlde frou yn Canada, dy’t as bern oerwoun wie troch har mem doe dy noch in jong faam wie, en letter opgroeide as ‘stiefkind’ yn it gesin fan har mem, har styfheit en harren bern, sei ris tsjin my: ‘Ik koe it altyd wol in bytsje fernimme dat ik einliks in ‘frjemde ein yn’t byt’ wie, al wienen sy hiel goed foar my. Mem sei wol ris stiekum tsjin my:’ Ljeave, it styfkleed is sa lang, der wurdt wol ris op trape.’ En, ik tink, dat soenen wy ek wol feroarje kinne yn it ‘sûndekleed’. Wy ferjitte net sa fluch en sa maklik wat oaren dien ha.

Yn 1994 trof ik foar’t earst een fier famylje-lid yn ‘e Harkema. Myn nicht Janny Kooistra (1937-) brocht my by Dictus Kooistra (1929-). Wy ha der hiel noflik sitten, ha in lekker kopke kofje hân, mar wat my by bleaun is, is een ferske dat Dictus op sei en dat ik letter wol ris brûkt ha en sels oerset ha yn ‘t Ingelsk want der siet een grutte wierheid en ynhâld yn foar us allegearre:

Tracht eigen schuld nooit goed te praten
Met kwaad dat gij van uwen naaste weet.
De modder op uw ‘s naastens mantel
Kan nimmer zeep zijn voor uw kleed.

Ik tink net dat er folle famyljes binne wêr’t net in losse stek yn sit. De sûnde sit ommers yn ús allegearre. Wa is Dictus? Hy is een soan fan Rinze Wierds Kooistra (1891-1963) en fan Pietje van der Meulen (1903-1978). Syn heit syn famylje stiet wol beskreaun yn’t KOOISTRA-boek dat Janny makke hat. Dictus en ik binne aardich tichteby al famylje fia de Kooistra’s. Oan syn mem har side komt hy yn de Benedictussen, de van der Meulen’s en ek yn’e Laanstra’s. Dat binne allegearre grutte famyljes. Syn mem Pietje van der Meulen wie in dochter fan Jan van der Meulen(1871-) en Dieuwke Fokkes Veenstra(1873), dy’t trouden yn 1895, en dizze Jan wie in soan fan Roel van der Meulen (1841-1910) en fan Pietje Dictus Benedictus (1841-1883).

En dan komt foar my de grutte ferassing want dan komme Dictus en ik wer by mekoar, en noch wol op 2 manieren: Pietje Dictus Benedictus en har suster Loltsje Dictus Benedictus (1838-1909), wienen dochters fan Dictus Tijes Benedictus (1799-1870) en fan syn twadde frou Trijntje Pieters Nicolai (1810-1878). In dochter fan Loltsje en har man Sierk Kornelis Franken (1833-1902), wie myn beppe Hiltje Franken (1878-1948) dy’t troud wie mei myn pake Rinze Kooistra (1875-1946) en dus ek famylje is fan Dictus Kooistra. Mar Trijntje Pieters Nicolai wie in dochter fan Pieter Gooitzens Nicolai (1775-1850) en Frijke Jelles Merkus (1778-1813), en myn mem stamt ôf fan dat pearke, en myn heit ek. Dos allegearre famylje yn mekoar om. Wat is’t maklik dat de kompjûter net yn ‘e tiis rekket mei al dy nammen. Hy siket it moai en dúdlik út foar ús. En sa binne Dictus en ik minstens trije kear famylje fan mekoar. Gjin wûnder dat Janny tocht dat wy wol wat op mekoar liken.

Jelle yn Kanada