OP ZOEK NAAR ROOTS - 145


Omtrint 30 jier lyn sieten wy op in sneontejûn yn july in ús gesellige keamer yn Ontario, Kanada, mei in stikmannich freonen moai by elkoar om de jierdei fan myn frou te fieren. Wylst wy sieten te praten gie de tillefoan. Ik gie nei de koken en naam de heak op en doe hearde ik Kees Bylsma, ek in emigrant, sizzen: 'Kooistra, no is der wat freesliks bard fan 'e jûn. Ús Gerard is ferdronken!' Gerard wie noch mar 24. Hy wenne en wurke yn 'e stêd, mar hie dy dei syn broer holpen yn 't hea. Krekt nei it jûnsiten gienen de broers eefkes nei in djip marke te swemmen. Gerard krige kramp, kaam boppe, rôp, mar oaren tochten dat it boartsjen wie, en dernei wie hy net wer boppe kommen. Bylsma skille my om't ik harren wyk-âlderling wie en doe't ik letter by dizze âlden kaam, wie it wol hiel muoilik! Bern ferlieze falt net mei, minsken!

Dit barren kaam my yn't sin doe't Tinus Jongsma my it folgjende ferhaal stjoerde oer Geert Johannes van der Heide (1866-1911), de oerpake fan Jan van der Heide út Harkema. (sjoch ROOTS-144)

'Geert was in juli 1911 aan het werk als "leiker" (baggerman die met de baggerbeugel werkt) in het gebied "De Poffert" bij Oostwold (W.K., Gron.). Met wat geluk kon hij 60 cent per dag verdienen, soms zelfs meer. Wekenlang was hij van huis (Rottevalle). Zijn vrouw Ypkje was in verwachting van hun tiende kind en er moest brood op de plank komen voor het gezin. "Leikje" was zwaar werk en er werden lange dagen gemaakt. Het was die dag, 28 juli, erg warm. Soms gingen de arbeiders na de arbeid te water om zich te verfrissen. Dat deed ook Geert van der Heide op die dag. Door vlak na de maltijd met een volle maag, in het water te gaan kreeg hij kramp. De omstanders hadden niet onmiddelijk door dat er iets mis was met Geert. Hij verdronk, nog maar 45 jaar oud. Twee weken na deze tragische gebeurtenis werd dochter Ypkje geboren. Broer Jacob, ongehuwd en "skroar/kleermaker" van beroep, kocht een graf op het kerkhof van Feansterheide waarin Geert werd begraven. Ypkje kon geen graf betalen en Jacob wilde persé niet dat zijn broer in een gemeentegraf werd begraven. Jacob werd later in hetzelfde graf begraven. Zijn naam is vermeld op een zerk, maar die van zijn broer Geert niet. Ypkje werd later begraven in Rottevalle.'

No wit dizze famylje dus hoe't dy foarfaar fan Jan oan syn ein kommen is. Wat bleau sa'n húshâlding der dan ek raar foar sitten. Der wienen doedestiids hast gjin foarsjenningen of útkearingen, allinne de earmesoarch, tink ik. It wie al earmoed yn dy tiid, mar nei Geert syn ferdrinken noch folle mear!

Syn frou Ypkje Barelds Nijboer (1870-1944) wie noch mar 41 jier âld doe't sy widdo waar, en sy hie doe 10 bern. De âldste soan Johannes wie krekt 20 wurden, en de jongste, lytse Ypkje, wurde berne 17 dagen nei't har heit ferdronk. Dizze Ypkje troude letter mei Gosling Steensma dy't op it Feanster molkfabryk wurke hat mei myn heit. Se wennen earst op Blauhús, mar ha letter ek yn ús hûs wenne oan de Warreboskleanne, tink ik.

Tinus skreau dit noch oer de mem Ypkje Nijboer, de widdo fan Geert van der Heide:

'Ypkje was 41 jaar oud toen ze weduwe werd. Van het armbestuur ontving ze f.2,50 steun en ze probeerde er wat bij te verdienen door er met een fiets op uit te gaan met op de bagagedrager een lade uit de kast waarin ze haar koopwaar, o.a. aardewerk, vervoerde. Ook haalde ze bij de bakker overgebleven brood op voor haar gezin.

De familie Van der Heide was een sportieve familie. Twee zonen schaatsten eens op een dichtgevroren vaart. Ze hadden de vaart er goed in. Enkele tientallen meters voor hen schaatste een wat oudere vrouw. De broers Van der Heide hadden de grootste moeite de sportieve vrouw in te halen. Uiteindelijk lukte het toch, waarna de twee mannen hun eigen moeder konden begroeten.'

Ypkje wie in dochter fan Bareld Harmens Nijboer (1827-1902) en Baukje Ages van der Heide (1832-1892), dochter fan Age Fokkes van der Heide (1809-1886) en Antsje Johannes Smeding (1798-1870). Bareld wie in soan fan Harmen Jans Nijboer (1785-1847) en Tsjitske Gerbens de Jong (1796-1874).

In protte lêzers fan ROOTS ha miskien wol guon fan de tsien bern fan Geert en Ypkje kennen. Hjir binne se allegearre:
Johannes (1891-1983), Bareld (1893-1970), Baukje 1895-1949), Atze (1897-1973), Geeske (1899-1976), Tjeerd (1901-1979), Geert (1904-1973), Jan (1906-1975), Jakob (1908-1983), Ypkje (1911-1990).

'k Bin bliid dat Tinus eefkes holpen hat dit riedsel fan it ferdrinken fan Geert van der Heide op te lossen. Maklik sokke kompjûter-freonen te hawwen!

Jelle yn Kanada