OP ZOEK NAAR ROOTS - 144


Ik hie it froeger net rjocht stean op de Smoarhoeke yn Harkema. De Fryske taal hat, krekt as oare talen ek wol, bepaalde wurden dy't fan alles betsjutte kinne. As jonkje tocht ik wolris: wat is 'smoar' eins in frjemd en raar wurd. Ik hearde mem wol ris sizzen: 'Fuort jonge, dat kin no net want ik ha it smoardrok!' Dat betsjutte dus 'hiel' drok. Krekt as yn it wurd 'smoarhjit'. Soms seinen de minsken: 'Dy man hie it "smoar" yn.' Dan bedoelden se 'hy wie hiel lilk'. Dat koenen jo wol oanfiele of riede. In jongfeint koe ek smoar op in famke wêze, of oarsom fansels. En jo koenen ek wol minsken of dieren 'smoare' of fan kant meitsje. En der wienen noch mear oare betsjuttingen fan it wurd 'smoar', lykas barge-fet.

As ús heit it oer minsken hie dy't yn de 'Smoarhoeke' wennen, dan tocht ik wolris: Wat soe dat betsjutte? Wie dat in rare buert? Gefaarlik? Moasten jo dêr goed op jo iepenst wêze want oars ...? Letter wist ik wol better fansels. Dat wie hielendal net sa'n rare hoeke yn Harkema en dêr wennen ek beste minsken.

Doe't Jan van der Heide my ris in mailtsje stjoerde oer syn famylje, kaam de 'Smoarhoeke' wer eefkes yn myn tinzen want dêr wennen syn pake en beppe Pander, de âlden fan syn mem Janke Pander (1932-). Jan wie dêr trouwens sels ek berne. Hy neamde ek nammen lykas Pauloane, Wopkespoel, Kruswei, Homear, Lieuwespoel. 'k Ha wol sa'n bytsje yn 'e gaten wêr't dat is. Jan en syn frou Boukje wenje no oan de Reidpôle yn Harkema. Hy wurket al sawat 30 jier by de Rabobank en hat himsels aardich opwurke en is no kantoarhâlder yn Droegeham, Harkema, en Koatstertille. Dan hat dizze man út de Smoarhoeke it ek goed drok, smoardrok, soe'k sa sizze.

Syn heit Geert is berne yn Geleen, Limburg, om't syn pake Jan van der Heide, dy't troud wie mei Geeltsje van der Veen (1908-1988), krekt nei de oarloch nei Limburg gien is om dêr yn de koalminen te wurkjen.

Boukje fan Jan is in dochter fan Andries van der Hoek (1929-) en Anna Kooistra (1930-) dochter fan Hendrik Wierds Kooistra (1894-1967 ) en Jantsje van der Wijk (1900-1967). Dy Hindrik is in fiere efterneef fan myn heit, ek in Hindrik Kooistra. Beide stamme ôf fan Rinze Klazes Kooistra (1819-1863) en Loltsje Hendriks van der Heide (1825-1886).

Andries van der Hoek wie berne yn Grinzer Pein. Syn âlden Tjeerd van der Hoek en Sjoukje de Wit wennen tusken slachter Sytze van Dellen en in sekere Ykema yn. Dat wie net sa mâlle fier fan de Iepenbiere Skoalle ôf. Andries en Anna ha ek jierrenlang op 't Fean oan de Taeke Schuilengaloane wenne.

Ik soe ek wol folle mear oer de Pander-famylje skriuwe kinne, ek dat der yn dy famylje Kooistra's foarkomme, ek wer famylje fan ús. Miskien in oare kear.
Jan (1954-) is dus in soan fan Geert van der Heide (1932-) en Janke Pander (1932-) dochter fan Jacob Pander (1888-1967) en Aaltsje Veenstra (1892-1951).

Geert is in soan fan Jan van der Heide (1906-1975) en Geeltsje van der Veen (1908-1988), dochter fan Ruurd Siebes van der Veen (1882-1963) en Baaye Hendriks Jager (1886-1955). Dy Jan van der Heide wie in soan fan Geert Johannes van der Heide (1866-1911) en Ypkje Barelds Nijboer (1870-1944). Geert wie in soan fan Johannes Geerts van der Heide (1843-1917) en Geeske Atzes Witteveen (1843-1916), en dizze Johannes wie in soan fan Geert Johannes van der Heide (1821-1893) en Jacobje Jacobs van der Sluis (1820-1861).

Jan skreau ek noch: 'Myn oer-pake Geert Johannes van der Heide (1866-1911) is raar oan syn ein kaam doe't hy 45 jier âld wie. De famylje wit net rjocht wat der bard is, mar it skynt dat hy ferdronken is wylst hy oant sleatheakkeljen wie earne yn Grinslân, mar hy wenne yn Rottefalle. Der wie noch in man by him, mar dy hie neat sjoen. De famylje wit dat de plysje der ek by west hat, mar dy koe neat bewize. Hienen de twa mannen miskien spul hân?' In riedsel dus.

Yn it folgjende stikje fan ROOTS hoopje ik it rjochte oer dit rare barren te fertellen. It leit in bytsje oars as dat dizze famylje tinkt. Eefkes geduld dus.

Jelle yn Kanada