OP ZOEK NAAR ROOTS - 136


"En syn soannen droegen Jakob nei it lân Kanaän en begroeven him...", sa stiet it yn myn Fryske bibel, yn it boek Genesis. Dy selde tekst ha ik ek neamd doe't wy as broers de kiste fan ús heit út de tsjerke droegen yn Drachten. En no krige ik okkerdeis in mailtsje út Eastermar en dêr stie wakker it selde yn. Jurjen Kooistra, fiere famylje fan ús, skreau oer syn heit Jan Kooistra: ' Wij, zijn vier zonen, hebben vader uit gedragen en ook ten grave gedragen."

Yn myn gedachten sjoch ik dat al foar my: fjouwer Kooistra soannen drage harren heit nei syn lêste rêstplak. Wy ha dat ek sa meimakke. Doe't wy jonkjes wienen, droech heit ús, letter mochten wy heit drage. Mochten? Ja, want ik sjoch dat as in foarrjocht. Wy mochten dat as broers foar heit dwaan.

Ik ha ûnderwylst al hiel wat mailtsjes fan Jurjen krigen. It liket my ta dat hy in presise baas is. It die al gau blieken dat wy famylje wienen, en net allinne wat it bloed oangiet, mar ek wat it leauwe oanbelanget. Wy leauwe nammentlik yn de selde Heare.

Net sa lang lyn ha ik ris skreaun: Hoe sil ús neiteam, it folgende geslacht, oer ús tinke? Wat sil der oer ús skreaun wurde? Ik krige in hiel moai ferhaaltsje tastjoerd fan immen út Eastermar, oer de heit fan Jurjen, nammentlik oer Jan Jans Kooistra. Dy man skreau:
"Jan Kooistra was kaasmaker in het zuivelfabriek in Oostermeer, ook in Twijzel en later nog in Bergum. Ook deed hij de jongelingsvereniging in Oostermeer. Dat vergeten we nooit weer. Als wij als jongelingen van toen, nu bij de kerk staan, dan spreken we nog met ontzag over Jan Kooistra. Die had ontzettend veel invloed op ons. Als wij eens over de schreef waren gegaan, dan was hij het die ons onder handen nam en ons waarschuwde. Dit had meer effect dan de preek van vader en moeder of van dominee Boorsma."

Ik tocht dit jou ik eefkes troch fia ROOTS. It toant oan ús dat wat wy sizze of dogge, dus dochs wol wat docht of seit, miskien net op it momint, mar letter docht it soms bliken dat it wol ynslein is by dizze of gene.

Dat Jurjen en ik famylje wienen seach ik al gau doe't ik wat nammen krige lyk as fan syn pake en beppe. Ik ha noch nea mei dizze takke fan de famylje praat en ik kin se ek net fansels, mar wy komme wol út it selde nêst.

No blykt fierder dat Jurjen bankwurker wie by Leenstra, earst yn Eastermar en letter yn Drachten. In bankwurker moat hiel presys wêze en moat 'gouden hannen' ha, en dy hat Jurjen blykber. In soan fan 'âlde' Leenstra gie mei my nei de kweekskoalle yn Drachten. Dat wie Jentsje Leenstra. In beste keardel.

Jurjen (1943-) is in soan fan Jan Kooistra (1915-1996) en Grietsje Zandbergen (1915-) dy't yn Burgum wennet yn har eigen hûs. Grietsje is in dochter fan Anna Petrus Zandbergen (1886-1977) en Geeske Alberts Elzinga (1888-1977). Dizze minsken ha froeger op 't Fean wenne. Jan Kooistra wie in soan fan Jan Wierds Kooistra (1865-1945) en Grietsje Reinders Ede (1872-1937). Dizze Jan en Grietsje hienen beide earder troud west en hienen beide aardich wat bern: Grietsje hie 4 (de Haas) bern en Jan hie 9 bern hân by Ynskje Fokkes Alma. Tegearre krigen Jan en Grietsje Ede noch ien soan: Jan Kooistra (1915-1996). Dat is de Jan, dy't de heit wie fan Jurjen.

Jan Wierds Kooistra wie in soan fan Wierd Klazes Kooistra (1816-1883) en Berendsje Hendriks van der Heide (1818-1899). Grietsje Ede(of Eda) wie in dochter fan Reinder Geerts Ede (1829-1913) en Sjoukje Gaukes Witteveen (1833-1906).

Dit noch eefkes: Jurjen hat noch trije broers: Jan, Anne, en Teo, en ek in suster Geeske dy't troud is mei Lieuwe Sjoukes Hogeveen (!944-). Dy broer Jan is troud mei Hennie Hamstra (1938-) en dat is in dochter fan Sjoerd Hamstra (1902-) en Anna de Bruin (1909-1982). Fia Sjoerd komme wy dan yn ús Hamstra famylje want Sjoerd wie in soan fan Jan Jelles Hamstra (1860-1945) en Aukje Harms Bergsma (1863-1949). Dy Jan Jelles wie in broer fan myn oer-pake Pieter Jelles Hamstra (1849-1888). It kloppet as in bus!

Jelle yn Kanada