OP ZOEK NAAR ROOTS - 118


'Wy moatte ophâlde want ik moat nedich wer nei myn pykje ta.' Dat sei Geert de Haan as de tsjerkeriedsgearkomsten wat lang útrûnen. Dat koe hy yndied mei rjocht sizze want syn eigen namme wie de Haan en syn frou hiet Aagje Piekstra, wêr't hy tige mâl mei wie. Ik hearde dit ferhaaltsje fan in neisiet fan dizze Geert, nammentlik fan Aan de Haan út Droegeham. Hy is troud mei Ymkje Annema, dochter fan Jacob Annema en Sjoerdsje Blaauw. Aan stjoerde my krektlyn ek syn 'hoannestambeam'.

Jo soene sizze hoe kom ik no samar by Aan de Haan. Dat siet sa: Jan Jongsma út Burgum hat hjir okkerdeis wer by ús west mei in keppel âldere Friezen mei syn club "In de Voetsporen". Dat wie wer in pracht dei hjir by ús yn Williamsburg. Myn frou en ik hiene der foar soarge dat alles klear stie foar dizze 30 minsken: kofje mei wat lekker bakt spul en letter sop mei broadsjes, ensf. Ek hiene wy wer in âld emigrant dy't sprutsen hat oer har erfaringen as jong emigrante famke yn it nije lân, Kanada. Dy frou wie Sjoukje Veerman, dochter fan Louw en Anna dy't froeger op it Fean wennen.

Wy hiene ek tiid om wat mei de besikers te praten en sa trof ik in sekere de Vries en syn frou út Nes, flak by Peazens. Ik fertelde harren dat ik berne wie yn Droegeham en doe seinen sy dat sy in sekere Aan de Haan út de Ham goed koenen om't hy mei harren op it sjongen siet yn Kollum. Letter ha ik de famylje de Haan wat neisjoen yn de kompjûter en doe bliek dat ik al hiel wat spul oer dy famylje hie fia Hindrik de Haan út Stynsgea. Dy hat my doedestiids holpen mei dat ferhaal oer dy twa Penninga broers út Blauferlaat (ROOTS-107). It bliek nammentlik dat Aan en Hindrik út it selde hoanne-nêst komme. Aan fertelde my it ferhaaltsje oer it 'pykje' en Hindrik stjoerde my al ris in stukje oer harren foarfaar Geert de Haan dy't jierrenlang âlderling west hat yn de Grifformearde tsjerke yn 'e Ham en neamd wurdt yn it boek "Scharrelen Langs de Tillewei" fan master Hoeksma, dy't froeger haad west hat fan de Kristlike Skoalle yn 'e Ham. Der stiet u.o. dit yn: Geert de Haan, die als hij voorlas, ook kraaide als een haan, was een zeer geziene en bijzondere ouderling. Hij woonde met zijn Akke (dat sil wol Aagje wêze moatte, tink ik) in een klein boerderijtje dicht bij Augustinusga, kreeg veel kinderen waarvan er een aantal stierf." Dat spultsje stiet der noch, neffens Aan, en dêr ha Alle Hamstra (1916-1997) en Aukje de Haan (1920-1999) ek yn wenne. Ale is fiere famylje fan myn mem. Ik hearde ek dat Aan en Ymkje buorren wienen fan myn tante Janke Kooistra dy't krekt achter de âlde toer wenne yn 'e Ham, oan it tsjerkepaad. Ik hoopje binnenkoart in stukje te skriuwen oer it keamerkoar dêr't Aan op sit, en ek oer de dirigint Hofma.

Hoe komme Aan en Hindrik no byinoar?

Aan de Haan (1947) is in soan fan Geert de Haan (1915-) en Jantsje Hiemstra (1921-1993), dochter fan Hendrik Hiemstra (1898-1941) en Loltsje Stoker (1898-1978). Geert de Haan is in soan fan Aan de Haan (1885-1975) en Klaaske de Beer (1887-1971). Dy wennen froeger yn Stynsgea. Aan wie wer in soan fan Geert de Haan (1859-1943) dy't troud wie mei Aagje Annes Piekstra (1862-1937). Dizze minsken krigen fêst wol 16 bern en minstens sân binne jong ferstoarn. Geert wie in soan fan Geert Aans de Haan (1819-1894) en Aukje Geerts van der Meer (1820-1874). In suster fan dizze Aukje, Barber (1814-1894) troude mei Jacob Jacobs Nink fan 't Fean. In neisiet fan dy famylje wenne froeger net sa fier by ús wei oan de Warreboskloane.

Hindrik de Haan (1927) út Stynsgea is in soan fan in oare Geert de Haan (1888-1975) dy't troud wie mei Tjimkje Luimstra (1893-1970). En dizze Geert wie in broer fan Aan de Haan dy't troud wie mei Klaaske de Beer. En sa bin Aan út e' Ham en Hindrik út Stynsgea dus achter-neven. Sy komme beide út in famylje dy't sterk foar de rjochte lear fan de Ôfskieding stie en foarmannen wienen yn de tiid fan de doléânsje. Master Hoeksma seit ek noch "Geert de Haan was intelligent en een gevreesd spreker op gedenk- en feestdagen, omdat hij zeer gewaagde opmerkingen maakte." De 'hoantsjes' koenen harren wurdsje wol dwaan!

Jelle yn Kanada