OP ZOEK NAAR ROOTS - 112


Theun kin Fokke net en Fokke hat noch nea fan Theun heard. En dochs bin dy twa mannen fiere famylje fan elkoar. Ik stean faak fersteld hoe gau as famylje út elkoar rint en hoe't nei in pear generaasjes jo elkoar foarby stappe of fytse kinne, as ûnbekenden. Ik krige fan dizze beide mannen al ris in e-mail tastjoerd. Sy wisten neat fan elkoar ôf. De iene wennet yn Frjentsjer en de oare yn Australië. Jo soene hast sizze: 'Gjin wûnder dat se elkoar net kinne. Sa'n ein út elkoar!' Beide mannen fertelden my moaie dingen oer âlde Fokke Hoeksma, de grienteman út 'e Ham. Dy hie froeger in winkeltsje by de âlde haven yn Droegeham. Dêr by dy haven ha wy froeger ek wenne, mar krekt, mar dochs moatte wy suver buorren west ha fan Fokke Hoeksma. Dat wie noch foar de oarloch.

Fokke út Australië fertelde in moai ferhaaltsje oer syn omke Fokke, en hy sei "Dat ferhaal typearet de man no krekt sa as hy wie.' IK hearde ek fan oaren dat Fokke Hoeksma in goeie man west hat. Fokke út Australië fertelde yn syn mailtsje: 'As omke Fokke moarns de grientekarre klearmakke mei de kistjes fol spullen der op, dan stie de hûn, in bouvier, al te popeljen om fuort te gean. Hy moast de karre of bakfyts lûke foar omke. Doe barde it ris doe't hy alles klear stean hie en de hûn al yn 't gerei stie, dat omke noch fluch eefkes yn 'e hûs gie om it ien of oare op te heljen.

Wylst omke socht, kaam der in oare hûn yn 't sicht en - sa as hûnen no ienris dogge - doe skuorde omke syn hûn de hiele karre mei en soe achter dy oare hûn oan, mar ....de karre ried in oare kant út. It hiele spul rôle rjocht op de haven oan en tûmele op 'e kop yn it wetter. Omke kaam nei bûten en seach noch krekt dat alles yn it wetter ferdwûn. Hy griep syn bûsmês, stode nei de haven, en sprong sa yn de haven. Hy baaide op de sparteljende hûn ôf, raamde de touwen en snie se stikken. En sa rêde omke syn bouvier. Ek de karre en noch wat fan de griente wurden letter út it wetter fiske. Dy dei wachten de Hamsters fergees op Fokke en krigen de measten allinne mar jirpels en spekfet mar gjin griente'.

Fokke stjoerde my ek in moaie foto fan syn omke en ek ien fan in suster fan Fokke Hoeksma, fan âlde Hindrikje dy't hiel moai en kreas op 'e stoepe stiet, leunend op in stok.

Wa is Fokke (1931-) út Australië no eins? Hy is de soan fan in suster fan Fokke grienteman, nammentlik fan Antsje (1890-1969) dy't troud wie mei Albert de Vries (1894-1970). Dizze minsken ha altyd yn Ljouwert wenne. Fokke sit al jierren in Australië en is troud mei Ans Gerritsma (1925-) út Boalsert.

Fokke Hoeksma, de grienteman, wie troud mei Froukje Zijlstra dy't út Morra kaam. Harren dochter Uilkje (1936-) of Uke sa't sy meastal neamd wurdt, is troud mei Tabe Steringa (1935-). Dit pearke wennet yn Tytsjerk.

Froukje Zijlstra (1910-1996) wie in dochter fan Thomas Rommerts Zijlstra en Tryntsje Johannes Veenstra út Morra.

En dizze Froukje hie in âldere healbroer Jan Veenstra dy't troud wie mei Baukje de Vries. En dizze Jan en Baukje ha in soan Theun Veenstra (1939- ) dy't al mei pensjoen gien is. Hy hat jierren yn 't leger tsjinne en wie adjudant fan de militêre administraasje. Hy wennet mei syn frou yn Frjentsjer. Hy docht noch fan alderhande dingen en mei ek hiel graach dingen útplúzje foar stambeammen. Hy helpt oare minsken ek wol gauris. En sa bin Theun en Fokke dus in bytsje famylje fan elkoar en beide hiene deselde omke Fokke, de grienteman út Droegeham. Fokke en Antsje en Hindrikje wiene bern fan Hielke Fokkes Hoeksma (1865-1956) en Uilkje Fokkes Bouius (1863-1926) dochter fan Fokke Uilkes Bouius (1816-1900) en Antsje Teijes de Haan (1824-1894). Hielke wie in soan fan Fokke Johannes Hoeksma (1824-1900) en Hindrikje Romkes Laanstra (1828-1913). Fokke syn winkeltsje sil der wol net mear wêze. Oer twa wiken komt der noch in stukje oer Bauke de Jong.

Jelle yn Kanada