OP ZOEK NAAR ROOTS - 111


Myn heit koe prachtich moai fertelle. As hy op 'e praatstoel siet, kaam him it iene nei it oare ferhaal of fyt fan froeger yn't sin. As jonkje ha ik etlike ferhalen heard oer de Hamster jongerein en dy ferhalen waarden dan sa ferteld dat jo it hast barren seagen mei eigen eagen. As hy dan goed los kaam, begûn hy fan klinkkleare wille te hantsjewriuwen, mei de hannen tusken de knibbels, en dan lake hy sels sa bot dat him de triennen oer de wangen rûnen. As bern, en letter ek wol, fernúveren wy ús om it ferhaal én om heit.

Ien fan dy ferhalen stiet my noch hiel dúdlik foar de geast. Yn'e Ham wenne in jongfeint, Bauke de Jong. Neffens heit mocht Bauke graach fiten úthelje wêr't se dan mei elkoar in protte wille om hienen. Sa hie heit in ferhaal oer Bauke syn ferkearingstiid. Hy hie in swiere motor, miskien wol in Harley Davidson, en hy ried der wol op nei de faam. Hy wie wiis mei syn moaie motor en sette dy hiel netsjes by de faam har âlden yn it smelle gonkje fan it lytse arbeidershûs. Sa koe oar jongfolk der net by komme wylst hy by syn faam wie. Letter op 'e jûn giene de âlde minsken achter de bedsteedoarkes en bleau Bauke noch in skoft by syn faam. Elts wit noch wol hoe't dat froeger gie. Fier nei middernacht stapte Bauke op, gie nei syn motor yn it gonkje en yn pleats fan de motor foarsichtich nei bûten te skowen en dêr te starten, die hy dat yn 'e gong. Hy joech in straal gas ...dat it hûs der súver fan skodde. De faam hâlde de doar iepen en sa jage Bauke de gong út, troch de iepen doar, rjochting Droegeham. Wat sil dy âlde minsken freeslik skrokken wêze. Ik sjoch it al barren.

Heit koe dat ferhaal yn geuren en kleuren fertelle. Prachtich. Wat sil it jongfolk der ek om lake ha letter as Bauke dat fertelde.

En no krige ik okkerdeis in hiel nustje fan sokke fiten fan en oer Bauke tastjoerd. Ien dêrfan fertel ik noch eefkes en dy oaren komme letter wol ris.

Bauke syn heit, Klaas, wie oannimmer, en hie ek in pear feinten oan't wurk. Ien dêrfan wie grutte Marten, of Marten Schievink. Dy moast ris in reinwetterbak skjin meitsje en wat oanfoegje, tink ik. Hy gie der yn mei in ljedder. In skoftke letter kaam Bauke dêr ek want hy moast in ljedder brûke. Hy prate ôf mei Marten dat hy dy ljedder letter wer bringe soe, mar letter waard oeren letter. It wie hast jûntiid. Marten hat de hiele dei yn 'e bak sitten en koe gjin kant út. Bauke sil wol wille hân ha. Eltse sneon krige it folk harren wyklean, mar Marten krige in deilean minder útbetelle om't de baas tocht dat Marten dy deis thús west hie om't hy net wer by de baas kaam wie dy deis. Marten sil wol raar opsjoen ha. Bauke hat it letter wol wer lyk makke mei Marten, mar hy woe net ha dat syn heit en mem witte soene wat der eins bard wie.

Wa is Bauke (1904-1951)? Hy wie in soan fan Klaas de Jong (1863-1923) dy't oannimmer wie yn 'e Ham. Bauke syn mem wie Tryntsje Henstra (1871-1962) dy't út Westergeast kaam. Bauke wie troud mei Jeltsje Swart (1907-1982) dy't út Wanswerd ôfkomstich wie. Harren soan Jan (1938-1999) wie troud mei Wieke Storm (1939-) dochter fan Jetze Sytzes Storm (1917-2000) en Gjiltsje Alberts van der Veen (1919-) út Harkema. De Storm-famylje ha ik al ris wat oer ferteld.

Bauke syn mem hie earder troud west mei Jochum Pieters van der Weg (1868-1898) dy't mar 30 jier wurden is. Klaas de Jong, har twadde man dus, hie ek earder troud west mei Eelkje Herder, dy't ek net âld wurden is (1863-1897). Klaas en Eelkje hienen in soan Marten (1893-1962) dy't troud wie mei Gooitske Wiebes Hoogsteen (1890-1979). In dochter fan Marten en Gooitske, Eelkje, wie troud mei Eerde Binderts Reitsma (1917-1993) en dizze minsken ha in soan Wietze (1953-) dy't troud is mei Jeltsje van der Wijk (1955-) út Kompenije. En dizze Jeltsje is in dochter fan Haye Lieuwes van der Wijk (1925-2003) dy't krektlyn ferstoarn is. Haye syn frou Baukje van der Zee (1926-) hat my wol faak wat holpen mei gegevens oer de van der Wijk's, de Benedictussen, ensfh. Doe't ik ferline jier op 't Fean wie ha ik Baukje troffen. Baukje hat in ûnthâld as in almenak. Wat my hiel bliid makke wie har sterk leauwe yn 'e Heare. Dat is belangriker as stambeamspul.

Jelle yn Kanada