OP ZOEK NAAR ROOTS - 106


'It ierdryk amme frede,
Oft alles frede wie.'

Sa skriuwt Marcus Antonius yn syn moaie, lange gedicht "Krystjoun', in gedicht dat 34 kûpletten telt. Dizze rigels komme my wol gauris yn 't sin as ik sa nei bûten sjoch nei it wite Kanadeeske lânskip hjir midden yn 'e winter. Sy kamen my ek hiel dúdlik yn myn tinzen foarrige hjerst doe't ik einlings it grêf fûn fan Trijntje Mozes (1913-1974), de frou fan Rinke Feenstra. Dat grêf leit yn in hiel moai en stil tsjerkhôf tichteby Brockville, Ontario. Ik hie al lang socht om har grêf, mar wist net rjocht wa't my dat útlizze koe...oant ik de skriuwer fan de tsjerkerie fan de Christian Reformed Church yn Brockville ris frege. Dy man kin ik al jierren want hy wie ek haad fan skoallen. Syn namme is Mike van Dyke. Fjirder ha ik oan syn namme net folle oandacht skonken. Ik tocht altyd dat Mike earne út Hollân kaam en wy prate yn 'e regel altyd Ingelsk. Mar doe't ik ris stie te praten mei in ploechje âlde Friezen, sei ynienen immen achter my in pear wurden yn't Frysk en dat wie Mike. Ik sei tsjin him: 'Kinsto ek Frysk prate?' 'Jawis wol', sei hy, 'ik bin ek in Fries. Ik kom út Harkema.' Doe bliek dat syn namme eins Meint van Dijk is en dat hy yn 1941 berne is yn Harkema, as soan fan Hans van Dijk (1915-) en Antje Visser. Dizze Hans wie in soan fan Meint Oeges van Dijk (1889-1942) en Aaltje Hanzes Hoekstra (1889-1958), dochter fan Hans Wopkes Hoekstra (1845-1920) en Roelofke Ates Tillema (1845-1933). Meint wie in soan fan Oege van Dijk (1852-1929) en Antje Meints Hoekstra (1858-1923), dochter fan Meint Roelofs Hoekstra (1828-) en Grietje Wiebes Postma (1832-).

Mike fertelde my letter ek dat Tryntsje Mozes ek altyd by harren nei tsjerke gien hie, en no blykt dat ik har man Rinke al jierren koe mar nea wist dat hy mei dizze Tryntsje troud west hie. Ik tocht altyd dat de frou wêr't hy no mei troud is, syn frou altyd west hie. Mar no blykt dat syn twadde frou te wêzen.

En sa bin ik dus einlings by it grêf fan Tryntsje Mozes terjochte kaam, op dat stille, fredige tsjerkhôf.

Doe't ik de namme fan Tryntsje Mozes neiseach yn myn kompjûter wurde it my al

rillegau dúdlik dat ik har broer Jetze (1920-1974) ek wol kend ha. Dy wie froeger boekhâlder by Albert Riemersma. De âlden fan Tryntsje en Jetze wienen Lammert Durks Mozes (1887-1966) en Sjoukje Jetzes Storm (1889-1961), dochter fan Jetze Rinzes Storm (1856-1933) en Grytsje Ates Veenhuizen (1858-1926). Dizze Sjoukje Storm wie ek in suster fan Sytze Storm dy't troud wie mei Jantsje Alberts Land (1894-1957). Fan dizze lêste minsken kin ik ferskate bern u.o. Feikje, Grytsje, Tryntsje en Sjoukje.

Dy Lammert Mozes wie in soan fan Durk Jeltes Mozes (1835-1896) en Willemke Lammerts Laanstra (1847-1929). Ik ha wol faker wat oer de famylje Mozes skreaun, lykas oer dy Sam Mozes út California.

Noch eefkes dit oer Mike van Dyke. Hy is de twadde 'Harrekiet' dy't ik troffen ha yn Ontario dy't haad fan in skoalle wurden is. 'k Ha al ris earder dy oare neamd: Eize (Ike) Witteveen dy't út it laach komt fan dy machtich sterke man út Droegeham 'Sterke Jerke'. Eltse kear as ik Ike sjoch, moat ik eefkes glimkje want dan komt my dat ferhaal fan de dochter fan Sterke Jerke wer yn't sin. Yn it boek 'De Ham' fan Dotinga stiet dit ferhaal: '...Rixt koe der ek wêze. Dat hawwe feinten en plysjes, dy't it har net nei 't sin diene wol fernommen. Foaral dy iene, dy't har mei in bern sitte liet. Ja wie doe boerefaam yn Jirnsum. Letter trof se him wer op in feest yn Raard. Se dûnsen tegearre, wol fjouwer kear. Dy lêste kear krûpte Rixt him goed oan, sloech de earmen stiif om syn rêch hinne en lústere: "Ik bin sljocht mei dy..." Se knypte sa fûl en sa lang dat syn ribbekas bruts. Twa dagen letter kaam de trouweleaze feint te ferstjerren.' Jo soene hast sizze: 'Wat is de leafde soms ôfgryslik sterk!'

Dan lit ik it hjir dizze kear mar by.

Jelle yn Kanada