OP ZOEK NAAR ROOTS - 103


Ien fan de protte Fryske boeken dy't hjir yn myn kast steane te pronkjen, hat my altyd besûnder bûn en hat my hiel wat noflike ûren fan ûntspanning jûn. Dat is it detektive-ferhaal 'Stille Bouke' bewurke troch E. S. de Jong. Noch krektlyn ha ik dy staaltsjes fan Stille Bouke wer ris lêzen. Wat wie dat in tûk mantsje. Ik tocht faak oan dat boek as ik Bauke van der Woude seach yn Renfrew, Ontario. Ik bin der wol gauris west te preekjen en soms trof ik him yn de konsistoarje keamer om't hy wol ris diaken wie. Hy is ek in man fan in bytsje wurden en dêrom paste de titel fan dat boek wol aardich by Bauke.

Okkerdeis wie ik wer ris yn Renfrew om it lytse Kristlike Skoaltsje dêr te 'ynspektearjen'. Dat doch ik in pear kear yn it jier en sa probearje ik de dames dy't dêr wurkje wat te helpen en wat oan te moedigjen. Nei skoaltiid ha ik eefkes by Bauke yn 'e hûs sitten. Hy wennet al jierren allinne yn in kreaze wenning. Hy hat froeger mar goed sân jier troud west mei syn frou dy't út Gruttegast kaam, nammentlik Eltje Oosterhof (1925-1966). Sy wie in dochter fan Ipe Oosterhof (1892-1946) en Iemkje Boonstra (1900-1982). Ipe wie, leau ik, fytsmakker froeger, en miskien ek wol smid. Eltje is al jong ferstoarn oan leukemie. Bauke en sy krigen trije bern: in soan en twa dochters.

Bauke fertelde sa it ien en oar oer syn âlden en syn broers en susters, en doe die al gau bliken dat der ek hiel wat bannen binne mei Droegeham, Harkema en 't Fean. Bauke is berne yn Smellinger Pein yn 1920 en is yn 1948 al nei Kanada gien. Hy hat hjir ek in protte wurk ferset. Hy is in soan fan Wiebren van der Woude (1877-1966) en Fokje Pieters Klomp (1878-1961). Wiebren hat altyd boer-arbeider west yn 'e Pein. Hy wie in soan fan Harm Sipkes van der Woude (1844-1929) en Hiltje Wybrens Hoeksma (1845-1937). Dizze Hiltsje kaam út 'e Ham en wie in dochter fan Wybren Fokkes Hoeksma (1809-1885) en Sjoukje Melles Zandstra (1812-1904). Dat wie ek famylje fan myn freon Melle Holthuis út Harkema fansels.

Fokje Klomp kaam út Harkema en wie in dochter fan Pieter Idsges Klomp (1838-1912) en Baukje Nanes Benedictus (1852-1925). Fan de famylje Benedictus ha ik hiel wat gegevens, ek al om't myn oerbeppe Loltsje Dictus Benedictus ek út dat folk kaam. Bauke hie in suster Hiltsje (1906-1992) dy't troud wie mei Jan Bouma (1904-1986). Dizze minsken ha froeger op 't Fean wenne. In broer fan Bauke, Pieter van der Woude (1908-1998) wie troud mei Aaltsje Gerrits Dijkstra (1912-1996) út Rottefalle. En in oare broer, Harm van der Woude (1914-) is troud mei Wipke Hoogsteen (1917-) dy't út 'e Ham komt. Sy is in dochter fan Pieter Rienks Hoogsteen (1890-1969) en Trientsje Broersma (1892-1947) dy't oan de Lytsewei wenne ha. Trientsje wie in dochter fan Sake Alles Broersma (1853-) en Engeltje Jelles Klok (1858-). Pieter wie in soan fan Rienk Hendriks Hoogsteen (1861-1926) en Wipkje Pieters Hiemstra (1851-1937), dochter fan Pieter Hidzers Hiemstra en Maaike Sytzes Fokkinga.

Dit noch eefkes: Bauke hie ek in muoike Taets van der Woude (1890-1982), in suster fan syn heit. Taetske wie troud mei Tamme de Hoek (1887-) soan fan Errit de Hoek (1860-1895) en Antje Zandstra (1864-1910). Dizze Antsje wie in suster fan Bartele Zandstra (1867-1939) dy't froeger nei Amearika gien is en wêr't ik al ris oer skreaun ha. En dizze Tamme de Hoek sil wol famylje wêze fan Froukje de Hoek (1935-), dochter fan Auwert de Hoek (1908-1994) en Aafke Kloosterman (1905-1995) dy't buorke ha tichteby Rottefalle. Froukje is troud mei Jentsje Leenstra (1933-) út Eastermar, soan fan smid Leenstra. Jentsje hat ek haad west fan in skoalle yn Drachten, en hy en ik sieten froeger by mekoar yn 'e klasse op 'e kweekskoalle yn Drachten. Froukje har broer Tamme de Hoek (1932-) siet by myn broer Rinze yn 'e klasse op 'e Mulo yn Drachten.

En sa komt dit tippeltsje troch de Wâlden ek wer ta in ein. Ik winskje alle lêzers fan ROOTS 'Gods seine op it Krystfeest en ek yn it Nije Jier 2003'.

Jelle yn Kanada